Springe nei ynhâld

Willem Barents

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 mrt 2024 om 23.06 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (korr)
Willem Barents
Kaart út 1601 mei de rûte fan Barents
Ofbyld:Barents-iisbear.jpg
Barents' syn mannen fjochtsje mei in iisbear

Willem Barents, yn it Nederlânsk skreaun as Willem Bartentz (* Formearum, ± 1550 - † Nova Sembla, 20 juny 1597) wie in Fryske seefarder en ûntdekkingsreizger fan Skylge. Willem Barents makke trije ûntdekkingsreizen om de noardeastlike trochfeart te finen, wêrby't hy de kusten fan Nova Sembla ferkende en Beareëilân en Spitsbergen ûntduts.

Biografy

Oer it libben fan Barents foar it begjin fan de ekspedysjes is net folle fan bekend. Hy wie keapman en wittenskipper en makke in atlas fan de Middellânske See. Yn 1594 krige hy de lieding oer de earste ekspedysje om de noardeastlike trochfeart nei Aazje en it Fiere Easten te finen. Mei twa skippen folge Barents de kust fan Nova Sembla yn 'e hope om de eilannen hinne farre te kinnen, mar hy waard troch it iis opkeard. In twadde skip dat Cornelis Nay as kaptein hie, hie mear súkses. Dy wist fia de Strjitte fan Waygats yn de Karasee te kommen. Jan Huygen van Linschoten, dy't op de reis oanwêzich wie hat in ferslach makke yn syn Voyagie, ofte schip-vaert van by Noorden om langes.

It súkses fan Nay late ta in twadde, gruttere ekspedysje yn 1595, diskear ûnder lieding fan Barents en Jacob van Heemskerk, dêr't ek Nay en Jan Huygen van Linschoten wer oan mei dienen. Troch it iis slagge it de ekspedysje net om de Karasee te berikken. Wol waard hannel dreaun ticht by de mûning fan de Petsjora mei de lokale Nenetsen (doe Samojeden neamd).

Yn 1596 gie Barents foar de tredde kear nei it noarden, opnij mei Van Heemskerk. Opdrachtjouwer foar de tredde reis wie de eardere kartograaf en dûmny Petrus Plancius. Diskear fear Barents fanôf Skandinaavje net nei it easten, mar nei it noarden. Hy ûntdekte in eilân dat hy Fiere eilân neamde (it tsjintwurdige Beareëilân) en fierder noardlik, op 80° 11' NB, in lân dat er It Nije Lân neamde (it tsjintwurdige Spitsbergen). Werom op Bereneilân, waard de ekspedysje yn twaen splitst. Ien skip, ûnder Jan Corneliszoon Rijp, besocht westlik fan Spitsbergen in trochfeart te finen, wylst Barents de seeën tusken Spitsbergen en Nova Zembla ûndersocht.

Barents slagge deryn om de noardpunt fan Nova Zembla om te farren, mar kaam dêrnei fêst te sitten yn it iis. Fan oanspield driuwhout bouden sy in hûs dat bekend wurden is as It Behâlden Hûs en dêr't ferfolgens de winter yn trochbrocht waard. De folgjende maaitiid waard in ekstra sloep boud, sadat de sechtsjin opfarrenden nei de bewenne wrâld werom komme koenen. Barents ferstoar lykwols in wike nei it fertrek. Syn manlju berikten mei de sloep it skiereilân Kola dêr't sy oppikt waarden troch in Nederlânsk hannelskip. Gerrit de Veer hat fan de tredde reis in ferslach makke. Fan de 16 opfarrenden fan Barents syn lêste reis, hawwe 12 Nederlân libjend werom sjoen.

Wurdearring

Barents syn tredde reis wie ien fan de safolste mislearre besikings om de Noardeastlike Trochgong te finen en doe't Cornelis de Houtman op de ein 16e iuw de earste Nederlânske reis om de Kaap de Goede Hope foltôge, ferlearen de Nederlânske keaplju harren ynteresse om in rûte nei Aazje te finen fia it poalgebiet. De reis fan Barents ferdwûn stadichoan út it ûnthâld. Pas om 1810 hinne kamen syn reizen wer yn it sin doe't ûnder ynfloed fan de Frânske besetting de Hollânsk trots wer oplibbe. Doe't de dichter Hendrik Tollens yn 1819 syn mankelike lofdicht Tafereel van de overwintering op Nova Zembla útjoech, dêr't hy syn lânslju yn opropt om wer sokke dieden te dwaan, wie men dêroer dan ek tige te sprekken en krige hy dêrfoar in literatuerpriis. Ek de skoalleplaat "De oerwintering op Nova Zembla" fan Johan Herman Isings hat bydroegen oan dat nasjonale gefoel.

De oerbliuwsels fan it Behâlden Hûs wienen lykwols al wat earder fûn yn 1871 troch de Noarske walfiskfarder Elling Carlsen en dêrnei troch de Brit Charles Gardiner, dy't yn 1876 it Behâlden Hûs letterlik ôfbruts, sykjend nei spoaren. Russyske wittenskippers dy't letter it stee besochten melden dat er sawat neat mear fan oer wie. De fynsten dy't sy dienen waarden meinaam en ferkocht oan Nederlânske musea.

Nei de fal fan de Sowjet-Uny yn 1989 hawwe nije archeologyske ekspedysjes it fynplak opnij ûndersocht. By de earste wie de Ryksuniversiteit Grins belutsen ûnder lieding fan Louwrens Hacquebord fan it Arctisch Centrum en by de twadde en tredde it Ryksmuseum en de Universiteit fan Amsterdam. Dy ekspedysjes hawwe laat ta nije belangstelling foar Barents yn Nederlân.

Barents jildt as de bekendste ûntdekkingsreizger fan Fryske komôf.

Oar

De seefeartskoalle Maritym Ynstitút Willem Barentsz op Skylge is nei him neamd, ek Barentsburch, Barentseilân, de Barentssee en de walfiskfabryksskippen Willem Barendsz (I) en Willem Barendsz (II).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Rayner Unwin, Willem Barentsz en de expeditie om de Noord, 2011.

Keppeling om utens: