Het Behouden Huys
Appearance
(Trochferwiisd fan It Behâlden Hûs)
Het Behouden Huys is de namme fan in hûs dat boud waard yn septimber 1596 op Nova Sembla mei wrakhout fan it skip fan Willem Barentsz, wêrmei er hope hie Ynje te berikken.
It skip rekke lykwols fêst yn it iis en men moast Het Behouden Huys bouwe om oerwinterje te kinnen. Nei de winter waard in sloep boud fan in part fan it skip.
De resten fan 'It Behâlden Hûs' waard fûn troch de Noarske walfiskfarder Elling Carlsen yn 1871. Hy naam in grut tal fynsten mei en ferkeape se. Yn 1993-1995 waard dt fyndplak ûndersocht troch Nederlânske (fan it Ryksmuseum en de Universiteit fan Amsterdam) en Russyske archeologen.
In replika fan it Behouden Huys is te finen op Spitsbergen, in pear kilometer eastlik fan Longyearbyen.