Springe nei ynhâld

The Dalles (Oregon)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 mrt 2024 om 07.29 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) ("Flag_of_The_Dalles.jpg" is op Commons fuorthelle Krd om't: No permission since 18 March 2024.)
The Dalles
It stedhûs fan The Dalles
It stedhûs fan The Dalles
Emblemen
               Ofbyld:Logo fan The Dalles (Oregon).png
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Oregon
County Wasco County
Sifers
Ynwennertal 16.010 (2020)[1]
Oerflak 17,98 km² (ynkl. wetter)
17,25 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 928/ km²
Hichte 33 m
Oar
Stifting 1857
Postkoade 97058
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45° 36' 4" N 121° 10' 58" W
Offisjele webside
City of The Dalles
Kaart
It stedhûs fan The Dalles
De lizzing fan The Dalles yn Wasco County en yn 'e steat Oregon.
The Dalles en de rivier de Kolumbia

The Dalles /dælz/ is de haadstêd en grutste stêd fan Wasco County yn Oregon, Feriene Steaten. It hat 15.158 ynwenners en is nei de stêdekloft fan Portland de grutste stêd oan de Oregonkant fan de rivier de Kolumbia. It leit 129 km beëasten Portland en leit eastlik fan it Cascades berchtme dat in reinskaad foarmet

Skiednis

Second Street yn 1880
Umatilla House yn 1880
E. B. McFarland House yn1881

It plak dêr't The Dalles leit wie in wichtich yndiaansk hannelssintrum foar 10.000 jier. De omkriten binne ien fan de meast weardefolle argeologyske en geologyske plakken. Lewis en Clark ferbleaune op it plak op 25 oant 27 oktober 1805 en ferwiisden nei de yndiaanske namme Quenett foar it plak.

Namme

De namme fan de stêd komt fan it Frânske wurd dalle, dat soksawat as delling betsjut (fergelykber oan it Ingelske dale of Nederlânske dal) of it ferwiist nei de lagen basaltrotsen oan de rivier. Frânsk-Kanadeeske pelsjeiers fan de Noardwest Kompanjy ferwiisden nei de streamfersnellings fan de Kolumbia tusken de Celilo Falls en de hjoeddeistige stêd as Petite Dalles oftewol Lytse Dalles.

Pelshannel

Op 12 april 1814 komt de namme Dalles it earst foar yn in ferslach fan pelshanneler Gabriel Franchère ferwizende nei de ferskate grutte streamfersnellings yn de rivier. Pelshannelers fan de Noardwest Kompanjy en ek fan de Amerikaanske Pacific Fur Company reizgen oer en lâns de Kolumbia en ûnder oare ek lâns it plak dêr't The Dalles no leit. De Kriich fan 1812 late ta de ein fan de Pacific Fur Company yn 1813 en harren eigendommen lykas Fort Astoria wiene ferkocht oan de Noardwest Kompanjy Yn 1821 wie de Noardwest Kompanjy oernaam troch de Hudsonbaai Kompanjy. It regionale haadkertier waard ferpleatse nei Fort Vancouver, dat yn 1824 boud waard. De pelshannelers fan de Hudsonbaai Kompanjy makken warber gebrûk fan de rivier de Kolumbia. Skipfeart wie ûnmooglik yn dit stik fan de Kolumbia troch de wetterfalen en de streamfersnellings, dat men moast oan lân fierder en koe men nei de streamfersnellings op it plak dêr't The Dalles no leit fierder oer wetter. Op dat plak waard in hannelspost opset, dêr't boaten op- en ôfladen waarden en dêr't de Kolumbia oerstutsen wurde koe.

Wascopam Missy

Yn 1838 waard in takke fan de Metodistemissy fan Jason Lee opset by Celilo Falls dy't de Wascopam Missy neamd waard, nei de Wasko-Yndianen, dy't yn dizze omkriten oan 'e súdigge fan de Kolumbia wennen. De bedoeling wie om de lokale befolking te bekearen. Yn 1850 sette it Amerikaanske leger in fort op it plak fan de âlde missypost. Hja neamden it Fort Dalles. Dit fort waard it hert fan de stêd The Dalles, dy't him by de rivier lâns begûn te ûntwikkeljen. Yn 1855 nei de ein fan de Kajûs Kriich waarden de yndianen twongen te ferhûzjen nei it Warm Springs Yndianereservaat.

Blanke migraasje

Justjes nei 1840 kaam in grut oantal blanken fia de Oregon Trail. De trail einige by The Dalles omdat fierder reizgjen oer lân lâns de Kolumbia ûnmooglik wie troch de steile kliffen dy't deun tsjin de Kolumbia oan steane. Oant it Barlowpaad ree wie, moast men oer de Kolumbia farre om yn Fort Vancouver of de delling fan de Willamette te kommen. In postkantoar wie stifte yn 1851. Yn 1857 waard The Dalles offisjeel in stêd dy't earst gewoan Dalles neamd waard. Yn 1853 waard it ta Wascopam feroare en yn 1860 waard it feroare ta The Dalles. It waard it wichtichste hannelssintrum tusken Portland en Pendleton. Yn 1864 hat it Amerikaansk Kongres jild útlutsen foar de bou fan in U.S. Mint yn The Dalles te bouwen en de bedoeling wie goud dat fûn waard yn Canyon City te brûken foar de munten. Dit projekt rûn faai nei't te oanfier fan goud fanút Canyon City begûn ôf te nimmen, oprinnende kosten, wurkers dy't nei oare plakken gien om goud te sykjen en ek it ûnderstrûpen fan it gebiet troch de Kolumbia sa no en dan die men besluten it projekt ôf te sizzen. Yn 1870 naam de oerheid fan de steat Oregon it gebou oer en waard foar oare doelen ornearre. Hjoed de dei is Freebridge Brewing yn it gebou hûsfestige.
Yn 1952 waard úteinset mei de bou fan The Dalles Daam, in keardaam yn de Kolumbia 3 km beëasten de stêd. Yn 1957 wie de bou foltôge. Doe ûntstie de saneamde Celilo Mar, dy't de Celilowetterfallen en inkelde fiskersdoarpen oan wjerskanten fan de rivier ûnderstrûpte. Yn 1984 waard The Dalles troffen troch in bioterroristyske oanfal troch de Bhagwan-sekte.

Hjoed de dei

De stêd leit oan de Interstate 84 en de U.S. 30 en U.S. 197 en dizze diken slute opinoar oan yn de stêd. Yn 2006 sette Google útein mei de bou fan in data center yn The Dalles oan de rivier de Kolumbia. De oanwêzige elektrisiteit opwekt troch wetterkrêft en de vezelglês yn it gebiet koe handich brûkt wurde. Der waarden twa grutte gebouwen boud, wêrfan elts de grutte fan in fuotbalfjild hat. Dit soe in soad nije banen opsmite, benammen earst mei de bou, mar it soe 200 fêste banen hâlde. Yn 2013 wiene der lykwols 150 minsken wurksum by Google yn The Dalles. The Dalles hat 5 lokale radiostasjons.

Hjir is in tabel mei de grutste 15 wurkjouwers yn de stêd:

# Bedriuw Tal wurknimmers
1 Columbia Medical Center 915
2 North Wasco School District 360
3 Oregon Cherry Growers 275
4 Bestjoer fan Oregon 243
5 Fred Meyer 230
6 Oregon Veteran's Home 208
7 Columbia Gorge Community College 200
8 Wasco County 181
9 Google 150
10 Safeway 142
11 U.S. Army Corps of Engineers 125
12 Stedsbestjoer The Dalles 100
13 Home Depot 100
14 Cousin's Country Inn 100
15 Orchard View Farms 90

De Columbia Gorge Community College is in iepenbier kolleezje foar ûnderwiis nei it fuortset ûnderwiis.

Klimaat

The Dalles hat in koel semy-drûch klimaat, oantsjutten as BSk neffens it Köppen klimaat klassifikaasje. De Cascades foarmje in reinskaad, mar troch de iepen Kleau fan de Kolumbia hat it lykwols ek wol wat karakteristiken lykas it seeklimaat bewesten de Cascades. Troch de ferskate reinperioades hat it ek wol wat fan in Mediterraan klimaat. Om't de stêd op 'e eastlike ein fan de Kleau fan de Kolumbia leit binne der justjes bewesten de stêd ferskate mikro-klimaten. Trochsneed simmers binne sa'n 26 oant 30 graden Celsius en trochsneed winters binne sa rûn -1 oant 0 graden Celsius. Trochsneed jierliks delslach is 359 mm.

Demografy

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 13.620 minsken, 5472 hûshêldings en 3441 famyljes wêrfan 87,9% blanken, 0,5% swarten, 1,5% yndianen, 1% Aziaten, 0,8% Pasifyske eilanners en 17% latino's. Der wiene 5903 wenten. Neffens de folkstelling yn 2000 wie it trochsneed hûshâldynkommen $35.430 en 12,4% libbe ûnder de earmoedegrins.

Nijsgjirrich

Carnegie Library, no The Dalles Art Center
Pulpit Rock
  • Columbia Gorge Interpretive Center
  • Fort Dalles Museum, âldste museum yn Oregon, dy't yn de Sturgeon's Quarter stiet en boud is yn 1857
  • Pulpit Rock, is in noch steande rots yn it sintrum dy't eartiids brûkt waard troch de Metodisten en preekje nei de yndianen.

Yn april elts jier fynt it Northwest Cherry Festival plak.

Ferneamde ynwenners en âld-ynwenners

  • Homer D. Angell, Republikeinske kongresman
  • Lefty Bertrand, ferneamd honkbalspiler
  • John Callahan, striptekener
  • H.L.Davis, skriuwer en winner fan Pulitzer Priis yn literatuer
  • Ken Dayley, ferneamd honkbalspiler
  • Alan Embree, ferneamd honkbalspiler
  • Jennifer Lyon, die mei oan Survivor, in Amerikaansk realitytillefyzjeprogramma
  • Todd Nelson, âld tennisspiler
  • Wilma Roberts, lokaal fotografe
  • Philip Whalen, dichter besibbe oan de Beat Generation is tein yn The Dalles.

Susterstêd

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. United States Census Bureau oproppen op 31 oktober 2022
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory The Dalles, Oregon fan Wikimedia Commons.