Celilo-mar

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Celilo Mar)

De Celilo-mar (Ingelsk:Lake Celilo) is in 39 km lange opslachmar yn de rivier de Kolumbia op de grins fan de steaten Washington en Oregon yn de Feriene Steaten. De mar ûntstie nei it foltôgjen fan de The Dalles Daam, in keardaam yn de Kolumbia by de stêd The Dalles, Oregon yn 1957. De mar leit tusken de keardamen The Dalles Daam en de John Day Daam, dy't fierder boppestream leit. Doe't de mar ûntstie strûpten de eardere Celilowetterfallen en inkelde fiskersdoarpen ûnder. Celilo wie sa'n doarpke dat oan de Oregonkant fan de Kolumbia lei. It wie mear as 10.000 jier in ekonomysk en kultureel sintrum fan de Yndianen. It hjoeddeistige doarp leit fierder op in lântonge dat eins it âlde doarp oersjocht. Dochs is net mear in ekonomysk en kultureel sintrum dat it foarhinne wie.

De boezemmar leit yn de county's Wasco en Sherman yn Oregon en Klickitat yn Washington.

In loftfoto fan de Celilo Mar, wêr it eardere plak fan de Celilo Falls oanjûn is