Spanbroek
Spanbroek | ||
Eardere riedshûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Opmar | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.725 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 11,31 km², wêrfan - lân: 11,23 km² - wetter: 0,08 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 1715 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 41 'NB, 4° 57 'EL | |
Offisjele webside | ||
Doarpspried Spanbroek-Opmar FB-side Doarpsried Spanbroek | ||
Kaart | ||
Spanbroek is in plak yn 'e Noard-Hollânke gemeente Opmar. De buorskip De Kaach wurdt sjoen as ûnderdiel fan Spanbroek.
Spanbroek hat 4.725 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spanbroek krige yn 1414 stedsrjochten. Ynearsten krige Spanbroek dy stedsrjochten in jiermannich mei oare doarpen lykas Opmar.
Oant it begjin fan 'e 20e-iuw wie Spanbroek in plattelânsdoarpke, dat sûnt de jierren 1960 mei nijbou útwreide waard. Tsjin 'e ein fan 'e 20e iuw wie Spanbroek fêstgroeid oan Opmar, mar fral oan 'e súdlike bûtenrâne hat it doarp noch in lanlik karakter.
Oant 1 july 1959 wie Spanbroek in selsstannige gemeente, dêr't ek Sânwerven by hearde, mar de boargemaster waard dield mei it oanbuorjende Opmar. Ek Noard-Spierdyk en Sudermar makken in skoftke diel út fan dy gemeente Spanbroek.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Herfoarme tsjerke en it riedshûs binne boud yn 1598. De politikus-skriuwer Bernardus Bosch (1746-1803) hat in skoft yn 'e tsjerke preke. Yn 'e letgoatyske tsjerke, dy't oarspronklik wijd wie oan Bonifatius, is in grêfmonumint út 1668 fan 'e byldhouwer Rombout Verhulst. It gebou wie as tsjerke oant 1989 yn gebrûk en waard dêrnei oerdroegen oan in stifting.
De neogoatyske Bonifatiustsjerke is in trijeskippige, katolike krústsjerke út 1909, dy't in âldere 19e-iuwske tsjerke ferfong.
De polder Westerfear wie de lêste Noard-Hollânske polder, dy't op wynkrêft bemealle waard. De poldermûne 'De Westerveer' út 1873 stiet oan 'e Zomerdijk bûten it doarp.
Yn 'e buorskip De Kaach stiet westlik fan it doarp oan 'e Nieuweweg de 'Kaagmolen', in poldermûne út 1654.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|