Sint-Bonifatiustsjerke (Spanbroek)
Sint-Bonifatiustsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Opmeer | |
plak | Spanbroek | |
koördinaten | 52° 41'N 4° 57' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | C. Robbers | |
boujier | 1904 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 510445 [1] | |
Webside | ||
Bonifatiusparochy, Spanbroek | ||
Kaart | ||
De Sint-Bonifatiustsjerke is in monumintale neogoatyske tsjerke yn it Noard-Hollânske doarp Spanbroek. De Bonifatiustsjerke is sûnt febrewaris 1998 in ryksmonumint.
Om't yn 2022 bekend waard dat de Spanbroeker Bonifatiustsjerke nei alle tinken ien fan 'e tsjerken is, dy't yn 'e takomst sletten wurde sil, is der in wurkgroep ynsteld dy't neitinkt oer de mooglikheden om de tsjerke en it ynterieur te behâlden.[2]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't de oarspronklike Bonifatiustsjerke fan Spanbroek mei de reformaasje oergyng yn hannen fan 'e protestanten, wiene de katoliken oanwiisd op skûltsjerken. Ien fan dy skûltsjerken stie nei alle gedachten op it plak, dêr't de hjoeddeiske Bonifatiustsjerke stiet.
Yn 1824 waard de skûltsjerke ferfongen troch in nije houten tsjerke, dy't ferskate kearen fernijd en útwreide waard. Yn 1909 folge de bou fan 'e tsjintwurdige neogoatyske tsjerke. Arsjitekt fan 'e tsjerke wie C. Robbers út Haarlim.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is in trijeskippige krústsjerke mei in fiifsidich koer mei in fjouwerkante toer oan de noardlike kant fan it skip.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de Bonifatiustsjerke is fan Ypma út Alkmar. It waard boud yn 1911 fan in âldere oargelkas út 1870 en âlder piipwurk fan in oargel fan Rütter út 1868. Restauraasjes fan it ynstrumint en feroarings fûnen yn 1948 en 1987 plak.
Sûnt 2018 besit de Bonifatiustsjerke ek in unit-oargel fan de firma Jos H. Vermeulen út Alkmar, dat oarspronklik yn 1966 foar de Sint-Markustsjerke yn Hensbroek boud waard.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|