Bari (stêd)
Bari Bare (Napolitaansk) | ||
Oersjochfoto fan de âlde binnenstêd en haven | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Itaalje | |
Regio | Apulje | |
Stedsgewest | Bari | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 316.491 (jannewaris 2023) | |
Oerflak | 117 km² | |
Befolkingsticht. | 2700 ynw/km² | |
Hichte | 5 m | |
Offisjele webside | ||
Bari – offisjeel webstee | ||
Kaart | ||
Bari (Napolitaansk: Bare) is in havenstêd oan de Adriatyske See. It leit yn it noardwesten fan de 'hakke' fan de Lears fan Itaalje. Bari is de haadstêd fan de provinsje provinsje mei deselde namme en fan de regio Apulje. De stêd hat om-ende-by 328.458 ynwenners.
Bari is in wichtich havenplak. Ut de haven wei farre geregeld feartsjinsten nei Durrës yn Albaanje, en nei oare stêden lykas Dubrovnik yn Kroaasje en Bar yn Montenegro.
Skiednis
Eartiids lei Bari yn de ynfloedssfear fan de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje. Letter wie it as Barium part fan it Romeinske Ryk en troch de iuwen hinne hie it mei ferskate oerhearskers te krijen, krektas Goaten, Noarmannen en yn de 9e iuw mei Arabieren. Yn tsjinstelling ta Malta en Sisylje lei Bari net oan de wichtichste seerûtes fan de Middellânske See.
Yn de Basilyk fan Sint-Nikolaas yn Bari wurdt it stoflik omskot fan Sint Nikolaas bewarre, de biskop fan Myra. De hillige Nikolaas is beskermhillige fan de stêd.
Hjoed-de-dei
Fierders is Bari in universiteitsstêd en beskikt it oer in histoarysk museum.