Apûlje
Apûlje | |
---|---|
Flagge | Wapen |
![]() (Details) |
![]() |
Lokaasje yn Itaalje | |
![]() | |
Algemien | |
Haadstêd | Bary |
Oerflakte | 19.000 |
Befolking | 4.000.000 |
Befolkingstichtens | 210 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Monte Calvo: 1050 |
Oantal gemeenten | 258 |
Provinsjes | Bary, Barletta-Andria-Trani, Brindisy, Foggia, Lesse, Tarente |
Apûlje (Italjaansk: Puglia) is in regio yn Súdeast-Itaalje, oprjochte yn 1861. Apûlje leit noardwest fan en mei de hakke fan de Lears fan Itaalje, oan de Adriatyske See (Strjitte fan Otranto) en de Ioanyske See (ûnder oare Golf fan Tarente) op sa'n 80 kilometer fan de kust fan Albany. Apûlje is de meast eastlike regio fan Itaalje. De haadstêd is Bary.
Yn it súdlikste diel fan Apûlje, yn de omkriten fan Salento wurdt in protte wyn ferboud wêrûnder de ferneamde Negroamaro en Primitivo. Yn Apûlje wurdt fan Itaalje ek de measte oliven produsearre.
Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It toeristyske sintrum fan de regio leit yn it uterste noarden op it skiereilân Gargano. Hjir lizze de ferneamde badplakken Fieste, Peskisy en Mattinata. De moaiste keunststêd fan de regio is Lese, dat beskôge wurdt as ien fan de wichtichste barokstêden fan de wrâld. Te súdwesten fan Bary leit Alberobello mei syn bysûndere trully. Dizze wite rûne huzen mei harren kegelfoarmige dakken hawwe dit plak in soad bekendheid jûn.
It binnenlân op de grins mei de regio Basilikata, de Murge is woest, keal en tige tin befolke. De kuststripe tusken Barletta en Brindisy is it tichtst befolke diel fan Apûlje en tige yndustrialisearre.
Provinsjes en wichtichste stêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Provinsje | Ofkoarting | Haadstêd | Wichtichste plakken | |
Bary | BA | Bary | Molfetta, Monopoly, Altamura | |
Barletta-Andria-Trany | BT | Barletta, Andria, Trany | Kanosa di Puglia, Biskegly | |
Brindisy | BR | Brindisy | Ostuny, Fasano | |
Foggia | FG | Foggia | Manfredonia, Serignola, Lusera | |
Lesse | LE | Lesse | Gallipoly, Nardò | |
Tarente | TA | Tarente | Martina Franka, Grottagly |
Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() | |
---|---|
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje |