Springe nei ynhâld

Trentino-Súd-Tiroal

Ut Wikipedy
Trentino-Súd-Tiroal
Trentino-Alto Adige
Trentino-Südtirol
Flagge Wapen
Lokaasje yn Itaalje
Algemien
Haadstêd Trente
Oerflakte 13.605,5 km²
Befolking 1.083.660 (30.06.2024)
Befolkingstichtens 79,65 ynw./km²
Oare ynformaasje
Heechste punt Ortler: 3.905 m
Oantal gemeenten 282
Provinsjes Súd-Tiroal, Trente

Trentino-Súd-Tiroal (Italjaansk: Trentino-Alto Adige, Dútsk: Trentino-Südtirol) is in autonome regio yn it noarden fan Itaalje, dy't yn 1947 oprjochte waard. De regio is opdield yn twa provinsjes: Trente en Súd-Tiroal. De provinsje Trente is sawat folslein Italjaansktalich mei lytse Dútske en Ladinyske (Reto-Romaanske) minderheden, wylst de provinsje Súd-Tiroal oer in grutte Dútsktalige mearderheid beskikt.

Fan de bewenners yn de regio sprekt likernôch sechtich persint Italjaansk, sawat fjirtich persint Dútsk en inkele persinten Ladinysk. De Dútsksprekkende minderheid wurdt Zimbern neamd.

Passo Rolle.

Trentino-Súd-Tiroal grinzet oan de Italjaanske regio's Feneto en Lombardije en Eastenryk en Switserlân. Simmers wurdt der in soad dien oan berchbeklimmen en winterdeis is it in drok skygebiet.

Yn de streek lizze in oantal goede wyngebieten, dêr't de unike druvesoarte Lagrein foarkomt.

De regio bestiet út de twa provinsjes Trente en Bolzano.

kaart wapen provinsje ôfk. ynwennertal
(31.10.2023)
haadstêd oantal
gemeenten
Bolzano BZ 535.775 52 Bolzano
Trente CB 543.890 166 Trente

Trentino-Súd-Tiroal bestiet út 282 gemeenten (166 yn 'e provinsje Trento en 116 yn 'e provinsje Bolzano). Yn 'e tabel wurde gemeenten mei 10.000 ynwenners neamd.[1]

Posysje Wapen Gemeente Ynwennertal Oerflak
(km²)
Befolkingtichtens
(km²)
Hichte
(m boppe seenivo)
Provinsje
Trente 118.886 157,54 755 194 TN
Bolzano 106.564 51,97 2.051 262 BZ
Merano 41.397 26,30 1.574 325 BZ
Rovereto 40.047 51,87 772 204 TN
Bressanone 23.004 84,91 271 559 BZ
Pergine Valsugana 21.684 54,05 401 482 TN
Laives 18.430 24,53 751 255 BZ
Riva del Garda 17.858 40,73 438 73 TN
Arco 17.763 63,32 281 91 TN
10º - Brunico 17.143 44,96 381 838 BZ
11º
Appiano sulla Strada del Vino 14.972 58,20 257 416 BZ
12º
Lana 12.541 36,01 348 310 BZ
13º centro Mori 10.208 33,25 307 204 TN

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Regio's fan Itaalje
Abruzzen - Aostadelling - Apûlje - Basilikata - Feneto - Emylje-Romanje - Friûly-Julysk Feneesje - Kalaabrje - Kampaanje - Latium - Liguerje - Lombardije - Marke - Molise - Piëmont - Sardynje - Sisylje - Trentino-Súd-Tiroal - Toskane - Umbrje
· · Berjocht bewurkje