Bolzano
| Bolzano Bozen | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Regio | ||
| Provinsje | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 107.030 (2026)[1] | |
| Oerflak | 52,29 km² | |
| Befolkingsticht. | 2.047 ynw./km² | |
| Hichte | 262-1.616 m boppe seenivo | |
| Oar | ||
| Postkoade | 39100 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 46°29'N 11°21'E | |
| Offisjele webside | ||
| opencity.comune.bolzano.it | ||
| Kaart | ||
Bolzano (Dútsk: Bozen) yn 'e Italjaanske regio Trentino-Súd-Tiroal is de haadstêd fan Súd-Tiroal yn Midden-Jeropa.
Bolzano is in twatalige stêd, dêr't Italjaansk en Dútsk sprutsen wurdt. Neffens de folkstelling fan 2011 praat 25,52 % Dútsk, 73,80 % Italjaansk en 0,68 % Ladynsk.
De stêd sels hat 106.591 ynwenners (2024).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Argeologyske fynsten litte sjen dat it gebiet om Bolzano al yn 'e prehistoarje bewenne wie. Der wiene û.o. in festing op 'e St. Georgener Kreuzbichl, in kultusplak yn Moritzing en in delsetting op 'e heuvel fan it lettere kastiel Sigmundskron.
Yn 'e Romeinske tiid lei yn 'e omkriten it halteplak fan 'e romeinske hearwei Pons Drusi. De earste fermeldingen fan 'e namme Bolzano datearje út de iere midsiuwen. Om 690 wurdt in Beierske greve neamd dy't oer Bauzanum hearske en yn 769 waard yn Bauzono in wichtige oarkonde opsteld foar de stifting fan it kleaster Innichen.
De hjoeddeiske stêd ûntstie om 1170–1180 as in merkplak mei in brede strjitte mei arkades en in sintraal merkplein. Dat barde op inisjatyf fan 'e biskoppen fan Trente, mei stipe fan 'e greven fan Tiroal. Letter krige Bolzano stadichoan mear stedsrjochten en waard de stêd yn ferskate fazes útwreide, ûnder mear yn 1911 mei de gemeente Dodiciville (Zwölfmalgreien) en yn 1925 mei Gries.
Sûnt it begjin wie Bolzano in wichtich hannelssintrum mei grutte jiermerken. Ek de yndustrialisaasje fan Súd-Tirol sette útein yn Bolzano. Yn 'e 19e en iere 20e iuw kamen der ûnder oare in katoenspinnerij, in spoarstasjon, in elektrisiteitssintrale en de ferneamde Kohlerer kabelbaan by.

Nei't Súd-Tiroal yn 1919 by Itaalje foege waard, rûnen de spanningen tusken de Dútsk- en Italjaansktalige befolking op. Op 24 april 1921 foelen Italjaanske faksisten yn Bolzano in optocht yn tradisjonele klaaiïng oan. By de saneamde Blutsonntag (Bloedsnein) waard de ûnderwizer Franz Innerhofer deasketten en rekken ferskate minsken ferwûne. It foarfal wurdt beskôge as it begjin fan it faksistyske geweld yn Súd-Tiroal en wie in foarboade fan it Italjanisearringsbelied dat nei de machtoername fan Mussolini yn 1922 útfierd waard.
It Italjaanske faksisme feroare Bolzano foargoed. As ûnderdiel fan it troch it rezjym doelbewust útfierde belied om der in Italjaanske stêd fan te meitsjen naam it tal ynwenners sterk ta troch in grutte ynstream fan Italjaansktalige bewenners. Der ûntstienen nije stedswiken, benammen yn it gebiet Gries-San Quirino (Gries-Quirein). Tagelyk waard de yndustrialisaasje befoardere troch de oanlis fan in grut yndustryterrein yn it suden fan Oltrisarco-Aslago (Oberau-Grutzen), dêr't yn 1935/1936 mei úteinset waard.
De perioade fan 'e Dútske besetting (1943–1945) waard tekene troch de oarloch, de deportaasje fan 'e Joadske befolking en grutskalige ferneatigings yn 'e âlde stêd as gefolch fan loftbombardeminten. Yn 1944 en 1945 wie yn Bolzano ek in nasjonaalsosjalistysk trochgongskamp yn gebrûk, dêr't yn totaal hast 10.000 finzenen fêstsieten.
Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam de stêd stadichoan wer ta bloei. Benammen it Twadde Autonomystatut fan 1972 joech dêrta in wichtige oantrún. Dêrnei ûntjoech Bolzano him ta in bestjoerlik, polityk en ekonomysk sintrum fan 'e regio.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1931 en 1951 folge in grutte groei fan 'e befolking. Dat hie fral te krijen mei de anneksaasje fan Gries yn 1925, it faksistyske Italjanisearingsbelied en de oanlis fan in yndustrygebiet. Dy faktoaren brochten in grutte migraasje út oare dielen fan Itaalje op gong.
| Jier | 1811 | 1837 | 1869 | 1890 | 1910 | 1931 | 1951 | 1971 |
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwenners | 10.325 | 10.499 | 14.941 | 19.242 | 30.424 | 37.351 | 70.898 | 105.757 |
| Jier | 1991 | 2011 | 2023 | |||||
| Ynwenners | 98.158 | 102.575 | 106.107 |
| Jier | Dútsktalich | Italjaansktalich | Ladynsktalich |
|---|---|---|---|
| 1910 | ± 87–91% | ± 5–11% | – |
| 1921 | 73% | 27% | – |
| 1939 | 38% | 62% | – |
| 1971 | 22,8% | 77,2% | – |
| 1991 | 26,6% | 72,6% | 0,8% |
| 2001 | 26,3% | 73,0% | 0,7% |
| 2011 | 25,5% | 73,8% | 0,7% |
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Dom fan Bolzano – De goatyske dom mei syn toer is it wichtichste tsjerkegebou fan 'e stêd.
- Waltherplein – It sintrale plein mei terrassen en it stânbyld fan 'e dichter Walther von der Vogelweide (1170-1230).
- Lauben – De histoaryske winkelstrjitte mei de karakteristike arkades, it hert fan 'e midsiuwske merkstêd.
- Kastiel Runkelstein – In midsiuwsk kastiel mei ien fan 'e grutste samlingen wrâldske fresko's yn 'e Alpen.
- Kastiel Sigmundskron – Bestiet út it Messner Mountain Museum Firmian, oprjochte troch Reinhold Messner.
- Fransiskaansk kleaster – In kleaster mei in moaie kleastergong.
- Dominikaanske tsjerke – Bekend om syn weardefolle goatyske fresko's.
- Renon-kabelbaan – Yn in pear minuten nei it heechplato fan Renon mei útsichten oer de Dolomiten.
- Talfer-kuierrûte – In populêr park en kuiergebiet lâns de rivier de Talfer.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Súd-Tiroalsk Argeologysk Museum – Hjir wurdt de ferneamde iismummy Ötzi bewarre.
- Bunker H., in bunker út de Twadde Wrâldkriich.
- Museo di scienze naturali dell'Alto Adige, natuermuseum fan Súd-Tiroal,
- Messner Mountain Museum Firmian mei de relaasje tusken minske en berch as sintraal tema.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fransiskaansk kleaster.
- Alde parochytsjerke fan Gries.
- Kastiel Runkelstein.
- Benediktynske abdij Muri-Gries.
- Waltherplatz.
- Talvera.

| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
