Springe nei ynhâld

Louison Bobet

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 feb 2024 om 17.22 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Dielnimming oan grutte omgongen: [[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Louison Bobet
sporter
Louison Bobet (1951)
Louison Bobet (1951)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Louis Bobet
nasjonaliteit Frânsk
bertedatum 12 maart 1925
berteplak Saint-Méen-le-Grand
stjerdatum 13 maart 1983
stjerplak Biarritz
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1946
karriêre-ein 1962
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk (1953-1955) (3x),
Wrâldkampioenskip (1954)

Louis (Louison) Bobet (Saint-Méen-le-Grand, 12 maart 1925 - Biarritz, 13 maart 1983) wie in Frânsk hurdfytser en en wie trije kear winner fan de Omgong fan Frankryk. "Louison" betsjút sa ûngefear "Louis soan fan Louis" as "Lytse Louis".

Bobet wûn trije kear op rige de Omgong fan Frankryk: yn 1953, 1954 en 1955. Hy kaam hjirmei it rekôr fan de Belgyske hurdfytser Philippe Thys út de jierren 20 benei.

Yn 1950 en 1951 waard Bobet twa kear Frânsk kampioen op 'e dyk. Hy wûn ek ferskate klassikers; yn 1951 Milaan-San Remo en de Omgong fan Lombardije, yn 1955 de Omgong fan Flaanderen en yn 1956 Parys-Roubaix. Yn lêstneamde koers wie er yn 1951 alris twadde wurden efter de Italjaanske hurdfytser Antonio Bevilacqua.

Yn 1954 waard Bobet wrâldkampioen op 'e dyk. Yn 1957 en 1958 wie hy ek ticht by de wrâldtitel, mar waard hy twadde efter respektyflik Rik Van Steenbergen (1957) en Ercole Baldini (1958).

Syn broer Jean wie ek in ferneamd hurdfytser. Tegearre wiene hja yn de hjerst fan 1960 belutsen by in slim autoûngelok, wêrby't hja beiden slim ferwûne rekken. It betsjutte de ein fan harren karriêre op 'e fyts. Louison Bobet iepene dêrnei in sûnenssintrum yn Quiberon.

Louison Bobet ferstoar Op 13 maart 1983, in dei nei syn 58ste jierdei, oan de gefolgen fan kanker.

Bobet lei oan de widze fan de fytstrui mei ritssluting. Koart nei't Bobet triomfantlik de finish oerried fan Milaan-San Remo yn 1951, waard er oerspield troch meiwurkers fan de Bottecchia ploeg, sjoernalisten en fans. Yn dy drokte slagge hy der net yn de knopen fan syn truike los te meitsjen om op azem te kommen. Frustrearre rôp Bobet oft se dêr gjin rits stekke koene. Syn klean leveransier Emilio De Marchi wie oanwêzich en hearde syn opmerking. Hy fûn dat bêst wol in goed idee en begûn mei de produksje fan fytstruien mei ritssluting. [1]

Dielnimming oan grutte omgongen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1947 - Net finisht;
  • 1948 - 4e; winner 6e en de 12e etappe.
  • 1949 - Net finisht;
  • 1950 - 3e; winner 18e etappe.
  • 1951 - 20ste; winner 17e etappe.
  • 1953 - 1e; winner 18e en de 20ste etappe.
  • 1954 - 1e; winner 2e, 18e en de 21ste etappe.
  • 1955 - 1e; winner 3e en de 11e etappe.
  • 1958 - 7e;
  • 1959 - Net finisht;

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1951 - 7e; winner 17e etappe.
  • 1957 - 2e; winner 15e etappe.
  • 1958 - 4e;
  • 1947-1949 - Stella
  • 1949 - Bianchi
  • 1950 - Stella
  • 1950 - Guerra
  • 1951 - Stella
  • 1951 - Bottecchia
  • 1952 - Stella
  • 1952 - Tebag
  • 1952 - Bottecchia
  • 1953 - Stella
  • 1953 - Bottecchia
  • 1954 - Stella
  • 1954 - Bottecchia
  • 1955 - Mercier-A. Leducq
  • 1956-1957 - Hutchinson
  • 1957 - Velo Club Bustese
  • 1958-1960 - Hutchinson
  • 1961 - Ignis
  • 1962 - Margnat-Paloma

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: