Springe nei ynhâld

Kruiningen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 jan 2024 om 09.10 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Stobbe útwreide mei ynformaasje fan Nederlânsktalich lemma.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kruiningen
Alde riedshûs
Alde riedshûs
Emblemen
               
Bestjoer
Provinsje Seelân
Gemeente Reimerswaal
Sifers
Ynwennertal 4.855 2023[1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 26'N 4° 2'E
Offisjele webside
Side Doarpsried
Kaart
Kruiningen (Seelân)
Kruiningen

Kruiningen (Siuwsk: Krunege) is in plak op Súd-Bevelân yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp is it haadplak fan 'e gemeente Reimerswaal en hie yn 2023 4.855 ynwenners.

Kruiningen wie oarspronklik ien fan 'e eilannen, dy't letter Súd-Bevelân foarmen. Muontsen fan 'e abdijen Ter Duinen en Ter Doest leine de diken yn 'e omjouwing oan.

Juliana besiket it yn 1953 swier troffen Kruiningen.

Sûnt 1 july 1868 hat it doarp it treinstasjon Kruiningen-Yerseke. Yn 1953 waard Kruiningen slim troffen by de wettersneed fan 1953. 62 ynwenners kamen om en it hiele doarp stie in heal jier ûnder ynfloed fan eb en floed. By Kruiningen wie eartiids de oerset Kruiningen-Perkpolder, dy't nei de iepening fan 'e Westerskeldetunnel oerstallich en yn 2003 opheft waard.

Oant 1970 wie Kruiningen in selsstannige gemeente, dêr't ek Hansweert en in part fan Oostdijk by hearde. De gemeente Kruiningen waard op 1 jannewaris 1970 opheft; tegearre mei de gemeenten Rilland-Bath, Krabbendijke, Waarde en Yerseke en foarmet sûnt de gemeente Reimerswaal.

Kruiningen is in tige tsjerksk plak. It doarp hat tsjerken fan 'e Grifformearde Gemeente, de Grifformearde Gemeente yn Nederlân, de Frije Grifformearde Gemeente, de Protestantske Tsjerke yn Nederlân en de Werstelde Herfoarme Tsjerke.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Nei in brân waard de letgoatyske Jehannestsjerke yn 'e 15e en 16e iuw op 'e nij boud. De toer is lykwols âlder en 14-iuwsk. Yn 'e tsjerke stiet de grêftombe fan Arnoud van Cruningen (ferstoarn yn 1561), in hear fan it skaai fan Kruiningen.
  • De bult- en nôtmûne 'De Oude Molen' waard yn 1801 boud.
  • Tichteby it doarp leit it natoergebiet Den Inkel, dat ûntstie by it brekken fan 'e dyk yn 1953.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers

Reimerswaal
Doarpen:
HansweertYersekeKrabbendijkeKruiningenOostdijkRillandWaarde
Buorskippen:
BathGawegeMiddenhofRoelshoekStationsbuurtVlakeVölckerdorp
· · Berjocht bewurkje