Yerseke
| Yerseke | ||
| Odulfustsjerke | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Reimerswaal | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 7.239 (2026)[1] | |
| Oerflak | 13,73 km², wêrfan wetter: 0,33 km² | |
| Befolkingsticht. | 539 ynw./km² | |
| Hichte | 0 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 966 | |
| Postkoade | 4401 | |
| Netnûmer | 0113 | |
| Offisjele webside | ||
| touristinfoyerseke.nl | ||
| Kaart | ||
Yerseke (Siuwsk: Yese) is in doarp oan 'e Easterskelde yn 'e gemeente Reimerswaal yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. Yerseke hie yn 2026 7.239 ynwenners. Yerseke is wrâldferneamd om de moksels- en oesters.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste bekende fermelding fan Yerseke (doe skreaun as Gersika) is te finen yn in oarkonde út it jier 966. Yn 'e midsiuwen ûntwikkele it plak him ta in hannelsdoarp dat ûnder mear libbe fan it winnen fan sâlt út fean. Dy bloei krige in flinke klap troch de Sint-Feliksfloed yn 1530 en de Tachtichjierrige Kriich. By dy grutte floed strûpte it lân om it doarp foargoed ûnder wetter; allinnich de Sint-Odulfustsjerke en in pear huzen dêromhinne bleaune drûch.

Sûnt likernôch 1870 begûn der in nije bloeitiid troch it kweken fan oesters. Troch dizze lukrative hannel groeide it doarp sa hurd, dat it wol it 'Siuwske Klondike' neamd waard. Hoewol't de yndustry letter te krijen krige mei in weromfal troch syktes en de oanlis fan 'e Easterskeldekearing wurdt der hjoed-de-dei noch hieltyd folop kweekt, no benammen de mear robúste Japanske oester.
In oare tige wichtige pylder is de mokselkultuer. It mosselsied wurdt faak opfiske yn 'e Waadsee, om dêrnei útset te wurden op perselen yn 'e Easterskelde dêr't se fierder groeie kinne. Yerseke hat hjoed-de-dei de iennichste mokselfeiling fan Nederlân. Njonken de oesters en moksels wurdt der fanút it doarp ek noch op kreeft fiske.
De Twadde Wrâldkriich feroarsake yn Yerseke in soad skea troch de striid yn 'e maaiedagen fan 1940 en de swiere Slach om de Skelde yn 1944. Yn maaie 1940 waarden de ynwenners fan Yerseke evakuëarre, wylst de Nederlânske ferdigening him weromluts en kapitulearre. Op 15 maaie folge de besetting fan Yerseke troch de Dútsers. Frânske oarlochsskippen besketten it doarp dêrnei om it fierder optsjen fan 'e Dútsers te kearen. Dat late ta grutte ferneatigingen fan mear as 50 hûzen en ek de Odulfustsjerke feroare yn in ruïne. Doe't de befolking werom kaam die bliken dat de Dútsers op grutte skaal it doarp plondere hiene en dat in grut part fan it efterbleaune fee de bombardeminten net oerlibbe hie.
Twa oerbleaune bunkers fan 'e Dútske Zanddijkstelling herinnerje noch oan de besetting, wylst it oarlochsmonumint de sneuvele militêren út it doarp betinkt.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Odulfustsjerke is it âldste gebou yn it doarp. De tsjerke waard tusken 1355 en 1413 boud. Fan 'e oarspronklike tsjerke bleau allinich it dwersskip en it koer bewarre. Yn maaie 1940 folge de ferneatiging fan 'e tsjerke. Neitiid waard de tsjerke wer opboud.
- It Monumint fan 'e Skippers fan '53 by de Keninginne Julianahaven is oprjochte ta neitins oan 'e skippers dy 't by de ramp fan 1953 mear as 3.400 minsken it libben rêden.
- Oan 'e Molenlaan is in monumint dat de slachtoffers fan 'e Twadde Wrâldkriich betinkt.
- It byld fan 'e Mokselman oan 'e Havendyk betinkt de mokselfiskerij en waard yn 1981 troch kenininne Juliana ûntbleate.
- Nijsgjirrich binne ek de oesterputten. De oesterputten binne formeel gjin monumint, mar ha oan 'e Havendyk in beskerme status.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yerseke is in tige tsjerklike gemeente. It doarp telt fiif protestantske tsjerken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Reimerswaal | ||
|---|---|---|
| Doarpen: Hansweert • Yerseke • Krabbendijke • Kruiningen • Oostdijk • Rilland • Waarde | ||
| Buorskippen: Bath • Gawege • Middenhof • Roelshoek • Stationsbuurt • Vlake • Völckerdorp | ||
