Springe nei ynhâld

Tomke (fûgel)

Ut Wikipedy
tomke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje tomkes (Troglodytidae)
skaai hûstomkes (Troglodytes)
soarte
Troglodytes troglodytes
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

It tomke (Troglodytes troglodytes) is de ienigste fûgel út de famylje fan de tomkes dy't yn Europa foarkomt. Alle oare soarten libje yn Noard- en Súd-Amearika.

Oare nammen

It tomke wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Mûske, Múske, Tommelid as Winterkeninkje.

Aaien fan it tomke.

Foarkommen

It tomke is ien fan de lytste fûgelsoarten fan Europa en kin fanwege syn koarte wjukken net sa'n bêst fleane. Hy is sa'n 9,5 sm lang en waget 10 gram. Sawol it mantsje as it wyfke hawwe brune fearren. De opfallende sturt stiet rjocht omheech.

Fersprieding

It tomke is meast te finen yn tichte strûken foaral yn de buert fan wetter. Hy komt op it noardlik healrûn oer de hiele wrâld foar. Yn Euraazje komme sa'n 27 ûndersoarten foar en yn Noard-Amearika ek nochris 12.

Iten

tomkes ite meast ynsekten en harren larven en spintsjes. Ek ite se sa no en dan wol sied fan lytse plantsjes.

Fuortplanting

It mantsje begjint al by't winter mei it bouen fan in tal nêsten dy't er oan it wyfke oanbiedt. De nêsten binne rûn mei in yngong oan de sydkant en lizze meast krekt boppe de grûn. De nêsten wurde makke fan mos, blêden en gers. Ein april leit it wyfke 5-7 wite aaien mei readbrune stippen. Nei sa'n 14-16 dagen brieden komme de aaien út, wêrnei de beide âlden de jongen nog 2 wike fuorje foardat de jongen útfleane. It Tomke briedt meast twa kear yn it jier.

Sjoch ek