Springe nei ynhâld

Sjongers

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 des 2023 om 18.06 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Giele Bosksjonger

De sjongers wiene in famylje (Sylviidae) fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). Tsjintwurdich binne de sjongers ferdield oer ferskate famyljes en is de famylje fan de Sylviidae beheind ta de hagekrûpers. Yn de âlde yndieling omfatte de sjongerfamylje sa'n 280 soarten yn 48 skaaien. It binne lytse ynsekte-iters mei fine snaffeltsjes, dy't meast yn de reiden of yn beammen of strûken sitte. Se wurde faak earst opmurken troch harren sjongen foardat se sjoen wurde, it binne ek meast ûnopfallende fûgels.

Sjongerfamyljes mei soarten dy't yn Europa foarkomme.