Sint-Werenfridustsjerke
Sint-Werenfridustsjerke | ||
Lokaasje | ||
Fryslân | ||
gemeente | Súdwest Fryslân | |
plak | Warkum | |
adres | Noard 175 | |
koördinaten | 52° 59' N 5° 26' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Grins-Ljouwert | |
patroanhillige | Werenfridus fan Elst | |
status | As tsjerke sletten | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Alfred Tepe | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39479 | |
Webside | ||
Titus Brandsmaparochy | ||
Kaart | ||
De Sint-Werenfridustsjerke yn Warkum is in roomsk-katolike pseudo-basilikale krústsjerke út 1877.
Skiednis en beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de reformaasje duorre it oant healwei de 17e iuw dat de katoliken wer in skûltsjerke krigen. By Brânbuorren waard de helte fan in boerreskuorre geskikt makke foar dat doel, dy't lykwols yn 1665 ôfbaarnde. De bou fan in nij tsjerkje foar sa'n 250 persoanen folge oan it Noard. Sûnt 1696 wie dy tsjerke oan Sint-Werenfridus wijd. De tsjerke waard yn 1753 ferfongen troch nijbou en tsjin it ein fan 'e 18e iuw en healwei de 19e iuw nochris útwreide.
De hjoeddeiske neogoatyske tsjerke mei de pastorije waard yn 1877 boud neffens in ûntwerp fan arsjitekt Alfred Tepe boud, dy't fjouwer tsjerken yn Fryslân boude. De toer is 65 meter heech.
De tsjerke is sûnt 1976 ryksmonumint en waard tusken 1989-2003 restaurearre. It oargel waard yn 2004 restaurearre. De tsjerke krige in bedrach fan 2,7 miljoen gûne om't it as kanjermonumint oanmerkt wie. In kanjermonumint is in ryksmonumint dat in restauraasje-efterstân hat en ekstra jild krijt).
Yn 'e eardere pastorije fan de tsjerke wie in Museum foar Tsjerklike Keunst mei in kolleksje roomske gebrûksfoarwerpen en in oantal skilderijen fan pastoar Janning silger ûnderbrocht. Dat museum waard yn 2017 sletten.[1]
Sluting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2020 waard bekend makke dat de út 1877 datearjende tsjerke in oare funksje krije soe. Yn 2022 waard de tsjerke ferkocht oan in projektûntwikkeler. It plan wie om de tsjerke te ferbouwen ta 25 apparteminten foar dementearjende âlderen. Troch ek de pastorij en de tún foar in diel te bebouwen koe dat tal nei 32 útwreide wurde.[2] [3]
Yn 2022 waard foar it lêst in misse fierd. Yn 2023 ferhûze it folsleine ynterieur fan 'e Sint-Werenfridustsjerke nei de yn 2018 ôfbaarnde en dêrnei werboude Sint-Urbanustsjerke yn Amstelveen-Bovenkerk, dêrûnder ek it heechalter en de sydalters út it atelier fan byldhouwer Friedrich Wilhelm Mengelberg. [4][5]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjerke-oargel út 1884 waard troch Adema út Amsterdam boud. Ek it 20 jier earder restaurearre oargel ferhûze nei de weropboude tsjerke fan Amstelveen-Bovenkerk.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|