Dick Passchier
Dick Passchier | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Dick Passchier yn 1980 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 maart 1933 | |
berteplak | Doardt | |
stoarn | 29 septimber 2017 (84 jier) | |
stjerplak | Kollum | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintator, kwismaster | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | NCRV | |
bekend fan | Spel zonder grenzen Tweekamp Zeskamp Stedenspel Koninginnedagdefilé | |
jierren aktyf | 1965-1994 | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl |
Dick Passchier (Doardt, 16 maart 1933 - Kollum, 29 septimber 2017) wie in Nederlânsk presintator, fral bekend fan de grutte spulprogramma's dy't er mei Judith Bosch en Barend Barendse yn de jierren santich foar de NCRV presintearre: Spel zonder grenzen, Tweekamp, Zeskamp en Stedenspel. Teffens wie er kommentator by de tillefyzje-útstjoerings fan it Keninginnedeidefilee yn de regearperioade fan Keninginne Juliana fan 1973 oant 1981. Teffens wie er in tal jierren foarsitter fan de fuotbalklup FC Dordrecht. Njonken dat presintearre er fan 1976 ôf oan de Mini-voetbalshow en wie er oant en mei 2006 presintator by de jierlikse flagjesdei in Skeveningen. Itselde die er yn de jierren tachtich fan de 20e iuw by it Fruitkorso yn it Gelderske Tiel.
Njonken syn radio- en telefyzjewurk hie Passchier, tegearre mei de frou, tritich jier lang twa winkels yn Easterske kado-artikels en meubels yn Zwijndrecht. Teffens wie er foarsitter fan FC Dordrecht.[1].
Passchier ferdwûn ein jierren tachtich fan tillefyzje en ferhuze letter nei Noarwegen. Ut en troch wie er korrespondint yn it radioprogramma Met het Oog op Morgen en Wereldnet (VPRO). Yn 2004 kaam er werom yn Nederlân. Hy wenne lange jierren yn Ingwierrum.
Passchier kaam hommels te ferstjerren yn 2017 yn syn wenplak Kollum; hy waard 84 jier.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|