Springe nei ynhâld

Ferhierjen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 sep 2023 om 16.27 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In harmeling yn syn simmerpels.
In harmeling yn syn winterpels.

Ferhierjen is in biologysk proses by sûchdieren, wêrby't se fan pels wikselje. Soks bart yn 'e regel yn it foarjier. Se ferlieze dan de ekstra tsjûke hierlaach dy't yn it neijier en de winter groeid is, om't se foar it simmerhealjier better takinne mei in tinnere pels. Ferhierjen wurdt net feroarsake troch feroarings yn temperatuer, sa't faak tocht wurdt, mar troch it fluktuëarjen fan 'e hoemannichte fan it hormoan melatonine dy't oanmakke wurdt troch de pynapelklier fan in bist yn reäksje op 'e seizoenale fariaasje fan 'e hoemannichte sinneljocht.

Ferhierjen is fral bekend fan katten en hûnen, om't dat húsdieren binne dêr't de measte minsken wol bekend mei binne. Katten ferhierje by 't maityd en oan it begjin fan 'e simmer. It is dan saak om se eltse dei te kjimmen of te boarsteljen, oars komt it hiele hûs ûnder it kattehier te sitten. By guon katterassen is ek ferlet fan boarsteljen om't de losse hierren fêst komme te sitten yn 'e pels. Hjerstmis en oan it begjin fan 'e winter groeit by katten de pels dan wer oan om it bist tsjin 'e kjeld te beskermjen. Hûnen ferhierje twaris yn 't jier: by 't maityd en hjerstmis. By guon hûnerassen, benammen út noardliker streken, lykas huskys of samojeden, is it ferhierjen slimmer as by de measte oare rassen.

Ek oare bisten ferhierje, lykas kij, harten en kamielen. Guon sûchdieren feroarje by it ferhierjen net inkeld de tsjûkte fan 'e pels, mar ek de kleur fan 'e pels. It simmerhealjier binne se dan brún, wylst de winterpels wyt is. Op dy manear hawwe se it hiele jier rûn in skutkleur: simmerdeis hawwe se in kleur dy't net opfalt tsjin 'e eftergrûn fan plantegroei en modder, en winterdeis in kleur dy't weiwurdt tsjin 'e eftergrûn fan snie en iis. Foarbylden fan bisten mei sa'n seizoenale kleurwikseling binne de harmeling (Mustela erminea), de poalfoks (Vulpes lagopus) en de sniehazze (Lepus timidus).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.