Springe nei ynhâld

Rochuskapel (Bingen)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 sep 2023 om 13.32 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Rochuskapel
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mainz-Bingen
plak Bingen
adres Rochusberg
koördinaten 49° 58' N 7° 55' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mainz
patroanhillige hillige Rochus
Arsjitektuer
arsjitekt Max Meckel
boujier 1893-1895
boustyl neogotyk
Webside
Side parochy
Kaart
Rochuskapel (Rynlân-Palts)
Rochuskapel

De Rochuskapel (Dútsk: St.-Rochus-Kapelle) is in beafeartstsjerke op de Rochusberg súdeastlik fan de sted Bingen am Rhein yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Alle jierren wurdt yn Bingen it Rochusfeest fierd. De feestwike wurdt iepene op de dei fan de hillige Rochus (16 augustus), of de snein dy't dêr it tichtste by leit, mei in prosesje fan de Martinusbasilyk nei de Rochuskapel. It is de grutste prosesje yn it bisdom Mainz en de grutste Rochusbeafeart yn Europa.[1] De tsjerke hat ek bûten in alter en in preekstoel en om de minsken dan in plak te jaan wurdt de oanslutende tsjinst as de waarsomstannichheden it talitte dan bûten holden.

De tsjerke makket sûnt 2002 diel út fan it UNESCO-wrâlderfgoed Oberes Mittelrheintal.

De earste Rochuskapel waard nei it pestjier 1666 boud. Yn 1794 waard dy kapel yn de tiid fan de Frânske besetting fan de Ryndelte troch de Frânsen plondere. By de besjittings troch Dútske en Eastenrykske troepen waard de kapel ferneatige.

In twadde kapel ûnstie yn 1814 nei't weromkommende soldaten in tyfusepidemy feroarsake hiene. Foar de nije kapel hie de Rochusbruorskip de hiele ynrjochting kocht fan it ophefte kleaster Eibingen. Yn dat jier waarden boppedat de reliken fan de hillige Rûpert en syn mem Sint-Berta út Eibingen helle en nei de kapel brocht, dêr't se noch jimmeroan rêste.

Barok Rochusbyld heechalter

It Rochusoktaaf dat alle jierren yn Bingen fierd wurdt, waard troch Goethe wiidweidich beskreaun. Begjin 1816 joech Goethe de opdracht oan Louise Seidler in alterskilderij fan de hillige Rochus te meitsjen, dat neffens in ûntwerp fan Johann Heinrich Meyer makke wurde moast en dat er oan de Rochuskapel fan Bingen joech, dy't er yn syn wurk "Am Rhein, Main und Neckar" beskreaun hie.

Yn 1889 sloech de bliksem op de dakruter yn en de kapel baarnde oant op de muorren folslein ôf.

De hjoeddeiske kapel ûnstie neffens de plannen fan de domboumaster fan Freiburg, Max Meckel. De tsjerke waard yn neogoatyske styl tusken 1893 en 1895 boud.

Yn de tsjerke binne keunstwurken dy't fan de 15e oant de 19e iuw datearje. It barokke Rochusbyld oer it heechalter is it iennige diel dat eartiids út it baarnende gebou helle wurde koe. De ramen binne makke troch Alexander Linnemann.

Ynterieur

Om't de beafeartstsjerke ek in alter bûten de tsjerke hat, stiet it frontleaze oargel yn in keamer boppe it súdlike sydskip. It oargel kin troch doarren te iepenjen sa yn de tsjerke mar ek nei bûten ta spylje. It ynstrumint waard troch de firma B. Schlimbach & Sohn yn Würzburg boud en hat 19 registers op twa manualen en pedaal.

Op de helling foar de tsjerke leit de Bethlehemkapel út itselde boujier. De Bethlehemkapel betinkt de âlde kapel, dy't dêr ea stien hat yn de tiid fan de krústochten en dy't troch krúsfarders stifte wie. Yn dy tiid hiet de Rochusberg de Hesselberg. De grotkapel wurdt ferljochte troch it polygonale sânstiennen bouwurkje op it terras foar de tsjerke.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Rochuskapelle (Bingen)