Basilika St. Martin (Bingen)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sint-Martinusbasilyk

Basilika St. Martin

StMartinBingenSuedseite.jpg
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
landkreis DEU Landkreis Mainz-Bingen COA.svg Landkreis Mainz-Bingen
plak Wappen von Bingen.png Bingen
adres Basilikastraße 6,
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boustyl Gotyk
oare ynformaasje
webside Side parochy

De Sint-Martinusbasilyk (Dútsk: Basilika St. Martin) is in roomsk-katolike tsjerke yn Bingen oan de Ryn yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De tsjerke makket sûnt 2002 diel út fan it UNESCO-wrâlderfgoed Oberes Mittelrheintal.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grêfstien preester Aetherius

Sûnt de fyfte iuw krige it kristendom yn de kontreien fan Bingen foet oan de grûn. Ut dy tiid datearret bygelyks in grêfstien fan de preester Aetherius, dy't hjoeddedei yn de tsjerke útstald wurdt. By argeologyske opgravings yn de krypte fan de tsjerke waard in stuk fan in antyk alter fûn, in oanwizing dat op it plak fan de lettere tsjerke mooglik in de romeinske tiid in tempel stien hat. Yn skriftlike boarnen komt de tsjerke foar it earst yn in oarkonde fan 793 foar. Yn it dokumint wurdt skreaun oer in stik grûn dat ûnder de beskerming fan de hillige Martinus stie. Dat it dêrby om de hjoeddeiske tsjerke giet is mooglik, mar net te bewizen.

It earste wisse bewiis foar it bestean fan de tsjintwurdige tsjerke datearret út in dokumint fan 1006, weryn't oer in stift Sint-Martinus yn Bingen skreaun wurdt. Ut de boarne wurdt net dúdlik wannear't it stift oprjochte is. Fan de ier-romaanske basilika is allinne noch de krypte út it midden fan de 11e iuw oanwêzich. Fan in yn 1925 ûndutsen basis fan in pylder kin opmakke wurde dat likernôch tagelyk mei de krypte ek de folsleine nijbou fan de tsjerke folge.

Dy tsjerke ier-romaanske tsjerke baarnde by de stedsbrân an 1403 ôf. Allinne de krypte bleau bestean en waard yn de nije yn 1416 ynwijde goatyske nijbou yntegrearre. It koer fan de tsjerke waard oant 1657 troch in doksaal fan de rest fan de tsjerke skieden. Yn 1417 foege aartsbiskop Jan II fan Nassau de by de Bethlehemskapelle op de Rochusberg ferbûne besittings tegearre mei dy fan it Martinusstift, dat troch de brân oan reapsein rekke wie. Yn de jierren dêrnei waarden oan de oarspronklik ienskepige tsjerke sydskepen oanboud. It noardlike waard fan 1500 oant 1505 (of 1511) ferfongen troch in twaskepich en letgoatysk bou ferfongen, dat als parochytsjerke tsjinne.

De kleastergebouwen waarden yn 1819 ôfbrutsen. By in grutte restauraasje troch Max Meckel út Limburch waarden de kapellen oan it súdlike sydskip, de sakristy en de maaswurkgalerij oan de tuorren tafoege. De loftse toer waard nea foltôge.

Paus Pius XI ferliende de tsjerke op 1 april 1930 mei de apostolyske brief Moguntinae dioecesis de status fan basilica minor.

Nei swiere skea yn de Twadde Wrâldkriich folge oant 1958 de weropbou. De parochy fierde yn 2006 op 3 oktober it 1000-jierrich jubileum

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Krypte út it tredde fearn fan de 11e iuw.
  • Yn it noardlike diel in troanende Marije út 1320.
  • Twa bylden fan klaai fan de hilligen Barbara en Katarina út it begjin fan de 15 iuw.
  • Marije-alter mei fiif skilderijen fan Antonius fan Montfoort (1579), it saneamde Blocklandt-alter.
  • Barokke preekstoel (1681).
  • Barok 18e iuwsk heechalter fan Peter Heinrich Henke neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Johann Peter Jäger.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hjoeddeiske oargel waard yn 1971 troch Paul Ott (Göttingen) boud. De skiednis fan oargels giet lykwols werom op 1508. Yn de rin fan de tiid waarden meardere nije oargels boud. It tsjintwurdige oargel hat 46 registers op fjouwer manalen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk. Yn 1995 waard it ynstrumint renovearre en mei in nije elektroanyske spyltafel útrêst.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Basilika St. Martin (Bingen)