Springe nei ynhâld

Wymbrits (lân)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 3 sep 2023 om 11.59 troch Kneppelfreed (oerlis | bydragen) (lytse oanfolling)

Wymbrits wie yn it begjin fan de 13e iuw ien fan de trije lannen dy't tegearre Westergoa foarmen. It omfette dêrmei gâns súdwest Fryslân; likernôch alles wat súdliker lei as Tersoal en westliker as De Jouwer, útsein wat part wie fan Wildinghe, letter Wûnseradiel.

De namme betsjut nei alle gedachten 'Weinbrêge', mar hat lykwols neat mei in brêge te krijen. It earste part fan de namme Wain, Wem, Wym of Wyme lit besibskip mei it Ingelske waim sjen, mei de betsjutting hem itjinge "râne" of "grins" betsjut. It twadde part "broek", "sompe" of "fean]]" de meast foar de hân lizzende ferklearring. Dus de namme betsjut sokssawat as "fean oan de râne fan" yn dit gefal fan it klaaigebiet. It gebiet bestie eartiids út in feangebiet, dat de westlike útrinner fan it grutte feangebiet, dy't it klaaigebiet fan Fly oant Weser begrinzge, foarme. It gebiet waard fan de tsiende iuw ôf oanmakke.[1]

Mei de opkomst fan de stêden, en mei it ôfspjalten fan nije dielen oan de súdkant waard Wymbrits om 1500 hinne feroare yn Wymbritseradiel.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. M. Schroor Van Wildinghe en Waghenbrughe yn www.varenius.nl