Basilyk fan Sint-Theresia (Lisieux)
Basilyk fan Sint-Theresia
Basilique Sainte-Thérèse | ||
Lokaasje | ||
lân | Frankryk | |
regio | Normandje | |
departemint | Calvados | |
plak | Lisieux | |
koördinaten | 49° 08' N 0° 14' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Bayeux | |
patroanhillige | Theresia fan Lisieux | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Louis Marie Cordonnier | |
boujier | 1929-1954 | |
boustyl | Neobyzantynsk | |
monumintale status | histoarysk monumint | |
Webside | ||
Side basilyk | ||
Kaart | ||
De Basilyk fan Sint-Theresia (Frânsk: Basilique Sainte-Thérèse) is in oan Sint-Theresia wijde roomsk-katolike tsjerke yn Lisieux, Frankryk. De basilyk is de grutste yn de 20e iuw boude tsjerke fan Frankryk en kin 4.000 minsken plak jaan. Alle jierren wurdt de basilyk troch hûnderttûzenen pylgers besocht, op Lourdes nei is it it wichtichste beafeartsplak fan it lân. Paus Jehannes Paulus II brocht op 2 juny 1980 in besite oan de basilyk. De tsjerke hat de status fan in basilica minor.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1923 waard de karmelitesse Theresia fan Lisieux sillich ferklearre en yn 1925 folge har hillichferklearring. Biskop Thomas-Paul-Henri Lemonnier, biskop fan it bisdom Bayeux-Lisieux, makke it beslút in grutte, oan de nije hillige wijde basilyk te bouwen. It projekt krige de stipe fan paus Pius XI, dy't in grutte ferearing hie foar Theresia en syn pontifikaat ûnder it patroanaat fan Sint-Theresia stelde.
De bou fan de op in heuvel oan de súdeastlike râne fan de stêd sette yn 1929 útein en waard yn 1954 foltôge. It jild foar de nijbou wie ôfkomstich fan katoliken út ferskillende lannen út de hiele wrâld, itjinge troch de 18 alters wjerspegele wurdt, dy't allegear in naasje fertsjintwurdigje.
Op 11 july 1937 folge de ynwijing troch de pauslike legaat Eugenio Cardinal Pacelli (de letter paus Pius XII). It útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich feroarsake foar in skoftke in boustop, mar de foltôging wie lang om let yn 1954. Lisieux waard by de befrijing troch de alliearden slim bombardearre, mar de skea oan de basilyk bleau beheind.
Aartsbiskop Joseph-Marie Martin fan Rouen konsakrearre tegearre mei de pauslike legaat Maurice Cardinal Feltin de basilyk op 11 july 1951.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De neobyzantynske bou fan de 95 meter hege basilyk waard troch trije arsjitekten ûntwurpen en útfierd: Louis Marie Cordonnier (1854–1940), syn soan Louis-Stanislas Cordonnier en syn pakesizzer Louis Cordonnier. De tsjerke hat in grûnplan fan in latynsk krús en toant ynfloeden fan de Sacré-Cœur de Montmartre yn Parys. It gebou wurdt bekroand mei in grutte koepel, dy't boppe it 105 meter lange tsjerkeskip en 65 meter brede dwersskip útriizget.
Krypte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De yn 1932 foltôge krypte is ek fersierd mei de yn 1958 foltôge mozaïeken en toant foarstellings út it libben fan Sint-Theresia: de doop fan Marie Françoise Thérèse Martin yn de Notre-Dame fan Alençon (4 jannewaris 1873), de Earste Kommuny yn it benediktynske kleaster fan Lisieux (8 maaie 1884), har mirakuleuze genêzing fan Theresia (13 maaie 1883), de professy yn de Karmel fan Lisieux (8 septimber 1890) en har ferstjerren (30 septimber 1897). Yn de simmer fan 1944 tsjinne de krypte as skûlplak foar de bewenners fan de stêd. Ek de karmelitessen fan de Karmel sochten dêr doe beskerming. Yn dy tiid libben doe ek noch twa nonnen dy't tagelyk echte susters fan Theresia wiene.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel waard yn 1943 ynboud. It ynstrumint wie yn 1935 foar de Wrâldútstalling fan Brussel boud en waard yn Lisieux yn twa oargelkassen ynboud. Op de súdlike galerij is it haadwurk, it pedaalwurk en de spyltafel. It sleepladeynstrumint besit 55 registers op trije manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne elektrysk.
Klokketoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klokketoer is in tafoeging út de jierren 1960 en stiet wat besiden de basilyk op it foarplein. Yn de toer hinget in kariljon mei 51 klokken. Lykas dielen fan de basilyk waarden ek de klokken troch ferskillende lannen skonken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|