Harnzer Ierdewurkmuseum
It Harnzer Ierdewurkmuseum wie oant 2015 in museum yn de stêd Harns oer ierdewurk dat tusken 1620 en 1910 makke waard yn Harns, Warkum en Boalsert. De kolleksje is ûnderferdield yn tinglazuer- en kerfsneedierdewurk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al inkelde jierren foar de iepening wie M. van den Akker dwaande de gemeenteried fan Harns te bewegen ta de oprjochting fan in Harnzer ierdewurkmuseum. [1] De gemeenteried gie hjir net yn mei en dêrom besleat Van den Akker om sels in museum te iepenjen op de begeane grûn fan syn wenning. Yn 1992 iepene it museum syn doarren. Fan 2015 ôf bleau it museum ticht foar it publyk yn ferbân mei persoanlike omstannichheden. Yn septimber 2017 waard de kolleksje fan eigener Van den Akker feild, neidat inkelde topstikken ûnderbrocht wiene by lokale en provinsjale musea.[2][3]
It museum siet oan de Sâltsleat yn in hûs mei klokgevel út 1786 dat in ryksmonumint en ûnderdiel fan it beskerme stedsgesicht fan Harns is. Yn 1967 is it pân restaurearre troch de Hein Buismanstichting.
-
Tulpefaas
-
Klok (kerfsneed)
-
Blompot (kerfsneed)
-
Sparbaarch (kerfsneed)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Akker, M. van der - Fries aardewerk. Majolica, faience, kerfsnee. Kolleksje Minze van den Akker (2007).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Harlinger Aardewerk Museum fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|