Bauke Mollema
Bauke Mollema | ||
sporter | ||
Bauke Mollema 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Bauke Mollema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 26 novimber 1986 | |
berteplak | Grins | |
lingte | 183 sm | |
gewicht | 64 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Klimmer, Tiidrider | |
O.S. | Rio de Janeiro 2016 Tokio 2020 (2021) | |
debút | 2006 | |
wichtige prestaasjes | ||
Clásica San Sebastián (2016), Omgong fan Lombardije (2019), Nederlânsk Kampioenskip tiidriden (2022) | ||
offisjele webside | ||
Webstee fan Bauke Mollema |
Bauke Mollema (Grins, 26 novimber 1986) is in Grinslânsk hurdfytser fan etnysk Frysk komôf. Mollema, dy't berne is yn de stêd Grins en grutbrocht is yn Súdhorn, hat Fryske âlden en ried fan 2008 oant 2012 by de Rabobank. Sûnt 2015 rydt Mollema foar de Amerikaanske ploech Trek.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mollema begûn yn 2006, as hurdfytser by Team Löwik Meubelen. Mar al oan de ein fan it jier gie er oer hy nei de opliedingsploech fan Rabobank. Yn 2008 hat Bauke Mollema in kontrakt by it Rabobank ProTeam. Mollema makke syn debút yn de Omgong fan Romandië, dy't er troch in fal net útfytse koe. Syn folgjende koers wie pas yn augustus, de Omgong fan Burgos; hy waard dêr 15e. Yn de Omgong fan Dútslân helle er it sânde plak yn it algemien klassemint. Yn de maitiid fan 2009 waard Mollema noch 16e yn de Omgong fan Kalifornje. mar it fierdere foarseizoen wie foar Mollema net wat er der fan ferwachte hie en yn april die bliken dat Mollema de sykte fan Pfeiffer hie. En kaam dêrtoch yn 2009 fierder net mear yn aksje. Yn 2010 die Bauke foar it earst mei oan in grutte omgong, de Omgong fan Itaalje, hy einige op it 12e plak yn it einklassemint. Yn 2011 ried Mollema foar it earst de Omgong fan Frankryk en de Omgong fan Spanje, yn de Omgong fan Frankryk einige er noch as 70ste mar yn de Omgong fan Spanje waard er 3e yn it einklassemint en mei 122 punten winner fan it punteklassemint. De Omgong fan Frankryk 2012 ried Mollema ta gefolch fan in tal falpartijen net út. It jier dêrop kaam Mollema sterk werom en waard kreas 6de yn it einklassemint. Tidens de Omgong fan Spanje wûn mollema foar it earst in etappe yn in grutte omgong, de 17de etappe, in flakke rit oer in ôfstân fan 189 km fan Calahorra nei Burgos. Yn 2014 behelle Bauke Mollema foar it earst in poadiumplak yn in hurdfytsklassiker hy waard twadde yn de Clásica San Sebastián, yn 2016 wist er dizze klassiker sels te winnen. Ek die Mollema yn 2016 mei oan de Olymyske Simmerspullen yn Rio de Janeiro hy waard hjir yn de dykwedstriid 17e. Yn 2017 wûn Mollema foar it earst in etappe yn de Omgong fan Frankryk yn de 15e etappe in heuveleftige rit oer in ôfstân fan 189,5 km fan Laissac nei Le Puy-en-Velay wie er syn konkurinsje te fluch ôf. Omgong fan Frankryk fan 2020 wie de twadde kear dat Mollema der net yn slagge de omgong út te fytsen mar yn de Omgong fan Frankryk 2021 wie er nei in solo fan 42,7 kilometer. de winner fan de 14e etappe, in heuveleftige mar oer in ôfstân fan 183,7 km mei de finish yn Quillan. Nei de Omgong fan Frankryk gie Mollema fan start by de dykwedstriid op de Olympyske Simmerspullen yn Tokio. Bauke Mollema einige efter Tadej Pogačar krekt neist it poadium. Yn 2022 waard Bauke Mollema yn Emmen Nederlânsk Kampioen tiidriden.
Wichtichste oerwinnings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Winner fan it punteklassemint yn de Omgong fan Spanje (2011)
- 17de etappe Omgong fan Spanje (2013)
- Winner Clásica San Sebastián (2016)
- 15e etappe Omgong fan Frankryk (2017)
- Winner Omgong fan Lombardije (2019)
- 14e etappe Omgong fan Frankryk (2021)
- Winner Nederlânsk Kampioenskip Tiidriden (2022)
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielname oan grutte omgongen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dielname oan de Omgong fan Frankryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2011 - 70ste
- 2012 - net finisht
- 2013 - 6de
- 2014 - 10e
- 2015 - 7e
- 2016 - 11e
- 2017 - 17e; winner 15e etappe.
- 2018 - 26e
- 2019 - 28e
- 2020 - net finisht
- 2021 - 20ste; winner 14e etappe.
- 2022 - 25ste
Dielname oan de Omgong fan Spanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2011 - 3e;[1]
- 2012 - 28ste
- 2013 - 52ste; winner 17e etappe
- 2019 - 30ste
Dielname oan de Omgong fan Itaalje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2010 - 12de
- 2017 - 7e
- 2019 - 5e
- 2021 - 28ste
- 2022 - 26ste
Ploegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2006 Löwik Meubelen
- 2007-2012 Rabobank
- 2013-2014 Belkin
- 2015- Trek-Segafredo
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|