Springe nei ynhâld

Nikolaastsjerke (Nijeholtpea)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 1 jun 2023 om 18.55 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (+ posysjekaart)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Nikolaastsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Weststellingwerf
plak Nijeholtpea
adres Tsjerkewei 4
koördinaten 52° 44' N 6° 04' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 1525
boustyl gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 38865
Webside
PKN gemeente Ter Holten
Kaart
Nikolaastsjerke (Fryslân)
Nikolaastsjerke

De Nikolaastsjerke is in protestantsk tsjerkegebou yn Nijeholtpea yn de gemeente Weststellingwerf. De gemeente is oansletten by de PKN-gemeente Ter Holten, dêr't ek de doarpen Aldeholtpea, Aldeholtwâlde en Teridzert by hearre.

De letgoatyske tsjerke fan Nijeholtpea stamt út 1525. It ienskippige gebou is sletten mei in trijesidich koer en hat in toer mei in ynsnuorre spits. De goatyske spitsbôgeramen hawwe nei alle gedachten eartiids mitsele trasearrings hân, mar by de restauraasje fan 1883 binne der houten roeden yn set. Op ferskate plakken yn de bûtenmuorre is noch rûnbogich mitselwurk te sjen fan eardere tagongen. Tsjintwurdich is yn de noardlike muorre in rjochthoekich kezyn mei in dûbele doar ynbrocht. Wierskynlik is de toer tagelyk mei de tsjerke boud. Oarspronklik sieten der trije iepenings yn de toer, dy't yn de 17e iuw allegear tichtsetten binne. Oan de westlike kant fan de toer waard yn de 18e iuw in steunbear oanboud.

Ut de houtkonstruksje fan it dak hat bliken dien dat de tsjerke eartiids hielendal fan hout wie. Yn de 15e iuw binne de houten stilen ûnder it dak fuortseage en ferfongen troch muorren fan stien. It is de iennige Fryske tsjerke dêr't boppe de grûn bewiis fan fûn is dat it gebou foarhinne hielendal fan hout west hat.

Oargel (foar de restauraasje fan 2008)

By de lêste restauraasje fan 2011 waard tusken it portaal en de tsjerke ek in alterblêd fan reade sânstien út de 13e of 14e iuw fûn. It barde yn Fryslân wol mear dat it roomske alterblêd fuort nei de reformaasje as stoepe brûkt waard, dêr't it tsjerkefolk oer hinne wâdzje mocht. By it restauraasjewurk binne ek twa sarken fan de famylje Lycklama à Nijeholt út 1627 en 1642 oantroffen. Under de titel "Als juweel herrezen" is fan de skriuwer Geert Lantinga in boek oer de restauraasje en de skiednis fan de tsjerke útjûn.[1]

Yn 1883 waard de âlde preekstoel ferfongen troch de hjoeddeiske preekstoel, dêr't de kânsel fan de Baaiumer tsjerke model foar stien hat. It plak fan de kânsel ferhûze by dy gelegenheid fan it tradisjonele plak oan de súdlike muorre nei in plak yn it koer. As klankboerd tsjinnet in tuskenplafond. Yn it paad tusken de banken lizze tsjintwurdich de twa sarken fan Lycklama à Nijeholt.

De tsjerke hat twa liedklokken. De âldste is yn 1598 getten troch Willem Wegewaert; de oare klok datearret út 1611 en is getten troch Gheraert Koster.

It ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal is in ynstrumint út 1883 en boud troch J.F. Krusse. It is yn 2008 renovearre troch Bakker & Timmenga en werom brocht yn de oarspronklike steat. Ek it front is op 'e nij skildere. It houtfykwurk oan it oargel is belein mei blêdgoud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: