Reichenbachwetterfal
Reichenbachwetterfal | ||
De Grutte Reichenbachwetterfal | ||
Lokaasje yn Switserlân |
De Reichenbachwetterfal (Dútsk: Reichenbachfälle; Frânsk: Chutes du Reichenbach) is in hûnderten meters hege wetterfal yn it Berner Boppelân fan Switserlân. De wetterfal is benammen bekend wurden as lokaasje fan 'e klimaktyske konfrontaasje tusken de ferneamde fiktive privee-detektive Sherlock Holmes en syn aartsrivaal, professor Moriarty.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Reichenbachwetterfal is sitewearre yn it Berner Boppelân, in regio fan 'e Alpen dy't bestjoerlik ta it Switserske kanton Bern heart. De wetterfal wurdt fet troch in beek, de Reichenbach of Rychenbach, in sydstream fan 'e Aare, dy't troch de dernei ferneamde Reichenbachdelling streamt. Op it plak dêr't it wetter fan 'e beek del stoart nei de folle leger leine Haslidelling wurdt troch it hommelse hichteferskil op 11/2 km besuden it doarp Meiringen en 25 km eastlik fan 'e stêd Interlaken in wetterfal foarme.
De totale hichte fan 'e Reichenbachwetterfal bedraacht 290 m, mar de wetterfal bestiet út sân triemmen en it wetter falt dus net yn ien kear safier omleech. De grutste triem is de boppeste, de saneamde Grutte Reichenbachwetterfal, dy't 110 m heech is. Dy is dêrmei ien fan 'e heechste wetterfallen yn 'e Alpen en heart ta de fjirtich heechsten yn Switserlân. Tsjintwurdich wurdt de Reichenbachwetterfal yn beskate dielen fan it jier brûkt foar it opwekjen fan hydo-elektrisiteit, wat it wetterfolume fan 'e wetterfal lytser makket.
Bekendheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't de Reichenbachwetterfal in ymposant gesicht is, hat de wetterfal neat dat tsientallen oare wetterfallen yn 'e Alpen net ek hawwe. Syn ferneamdheid tanket de Reichenbachwetterfal dan ek net sasear oan syn oansjen, mar oan it feit dat er troch de ferneamde Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle brûkt waard as setting yn syn koarte ferhaal The Final Problem, dat ferskynde yn 1893. Yn it ferhaal fynt de klimaktyske konfrontaasje tusken privee-detektive Sherlock Holmes en syn aartsrivaal, de ûnmeilydsume krimineel professor Moriarty, plak oan 'e top fan 'e Reichenbachwetterfal. De wrakseling fan 'e beide mannen einiget dermei dat se tegearre oer de râne kneppelje en, sa wurdt oannommen, te pletter falle of ferdrinke. (Hoewol't Holmes jierren letter de fal oerlibbe blykt te hawwen.)
Tagonklikheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Reichenbachwetterfal is tagonklik fia de Reichenbachfall-Bahn (RfB), in keabelspoar dat spesjaal oanlein is om it oandwaan fan 'e wetterfal foar toeristen te fasilitearjen. It spoar datearret fan 1899 en waard yn 1999 werboud nei it oarspronklike ûntwerp. It begjinstasjon leit op 20 minuten rinnen ôfstân, of in busrit fan 6 minuten, fan it Spoarstasjon Meiringen ôf, oan it Brünigspoar fan Interlaken nei Lucerne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|