Springe nei ynhâld

Russyske Boargeroarloch

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 mai 2023 om 07.37 troch RomkeHoekstra (oerlis | bydragen) (Skiednis: [[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Russyske Boargeroarloch (Russysk: Гражданская война в России, Grazjdanskaja vojna v Rossii) wie de boargeroarloch dy’t folge op de Russyske Revolúsje. Dy duorre offisjeel fan 1917 oant 1921, mar pas healwei de jierren ’30 waarden de lêste opstannen (Basmatsjiopstân) stoppe.

De Russyske Revolúsje hie yn 1917 de Bolsjewiken ûnder lieding fan Lenin oan de macht brocht. Se hienen mar steun fan ± 25% fan de befolking, mar wisten troch krêftich optreden dochs de macht te gripen. Ut eardere tsaristyske legers begûnen har no de Wite legers te foarmjen: anty-kommunistyske troepen, laat troch tsaristyske generaals, wêryn’t monargisten, liberalen, mensjewiken, Kozakken, ekstreem-rjochts en de adel meifochten. Se stienen foar de Readen oer: bolsjewiken en anargisten. Dy lêsten foarmen in tige ûnorganisearre troep en waarden op alle plakken weromdreaun. Ek lannen de alliearden yn Ruslân om de Witen by te stean (hoewol’t se dêr offisjeel oare redenen foar hienen).
De oarloch ferrûn yn it earstoan tige min foar de Readen. De Witen namen hiel Sibearje, de Oekraïne, it súdeasten en it westen en noardwesten yn besit. Yn in tal lannen dy’t har ûnôfhinklik ferklearren, lykas Finlân, ûntstienen lytse boargerkrigen tusken Readen en Witen. Petrograd (Sint-Petersburch) waard út it noarden en westen wei yn de tange nomd, wylst Denikin en Koltsjak Moskou en Tsaritsin (it lettere Stalingrad) bedrigen. De Poalen namen op in stuit Kiev yn. Mar in oantal faktoaren (net folle gearwurking tusken de Witen, fierstente lytse bûtenlânske yntervinsje, it wege- en spoarnet, wêrby’t alle spoarwegen nei Moskou laten en de Readen harren troepen maklik fan it iene nei it oare front ferpleatse koenen, joech de Readen in foardiel.
Ien foar ien waarden de tsjinstanners fan de Readen ferslein. Archangelsk foel de Readen sûnder slach of stjit yn hannen, neidat de Britten ôfsetten wienen en it ferdigenjende Wite leger útelkoar fallen wie. De Readen rukten op yn Sibearje, dêr’t de Tsjechen harren fertrek kochten mei in geheime skat fan de tsaar en de oerdracht fan admiraal Koltsjak. De Amerikanen hienen har al weromlutsen; yn 1922 moasten de Japanners dit foarbyld folgje. Joedenitsj syn troepen waarden fan Petrograd weislein. Denikin en Wrangel waarden weromdreaun mei de Frânsen op de Krim, dêr’t úteinlik de lêste Witen har oerjoegen. De Poalen waarden oant Warsjau weromdreaun, wêrnei’t se lykwols dochs noch ûnôfhinklikheid en in tige rom ôfmjitten gebiet krigen (de Readen woenen de hannen frij hawwe). Finlân, Estlân, Letlân en Litouwen waarden opjûn, mar Oekraïne, Armeenje, Azerbaidzjan, Georgje en Turkestan waarden wer stevich ûnder de Russyske plak brocht.

Tsjin begjin 1921 wie de oarloch winliken al troch de Readen wûn, mar de Japanners ferlieten Sibearje pas yn 1922, en de binnenlânske ûnrêst wie pas yn 1924 hielendal ûnderdrukt. Bern fan de rekken waarden fansels de boargers. Reade en Wite terreur easken miljoenen libbens. Ek brutsen der hûngersneden en sykten út. En as hienen boargers noch net genôch te frezen fan de Readen en Witen, moasten se ek noch benaud wêze foar elkoar: plonderingen, moard, rôverij en sels kannibalisme waarden sinjalearre. Nei skatting binne tusken 1918 en 1923 sa’n 15 miljoen Russen omkomd.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boargerkriich fan Ruslân fan Wikimedia Commons.