Goch
Goch | ||
Am Steintor | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen | |
Kreis | Kleef | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 34.593 (gemeente) (2021) | |
Oerflak | 115,43 km² | |
Befolkingsticht. | 300 ynw./km² | |
Hichte | 60 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 47574 | |
Koördinaten | 51° 41' N 6° 9' E | |
Offisjele webside | ||
Side Goch | ||
Kaart | ||
Goch is in stêd en gemeente yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De gemeente heart by de Kreis Kleef. Op 31 desimber 2020 hie de gemeente in befolking fan 34.531 minsken op in oerflak fan 115,38 km².
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Goch waard foar it earst skriftlik yn in dokumint út 1261 neamd. It krekte jier wêryn't de stêd stedsrjochten krige is net mear bekend. Alles wiist der lykwols op dat soks barde ûnder it bewâld fan Otto II fan Gelre (1215-1271). De earste stedsmuorren waarden yn 1350 foltôge.
Goch hearde yn 't earstoan ta it greefskip Gelre (letter it hartochdom Gelre). Yn 1473 gie it plak oer op it hartochdom Kleef.
Yn 1614 waard Goch troch it Ferdrach fan Xanten diel fan Brandenburch/Prusen. De twa iuwen dêrnei feroaren de hearskers yn Goch regelmjittich. Yn 1615 waard de stêd ferovere troch de Nederlannen. Fan 1622 oant 1625 wiene de Spanjaarden de baas. Yn 1525 folge de ynname fan Goch troch it Steatske leger ûnder lieding fan Lambert Charles, de befelhawwer fan Nijmegen. Frânsen besetten de stêd fan 1757 oant 1763 en ek tusken 1795 oant 1813 hearde Goch wer by Frankryk. Tusken 1813 en 1815 wie it wer ûnderdiel fan de Feriene Nederlannen en fan 1815 oant 1947 wie de stêd wer Prusysk.
Yn 1741 kamen der migranten út de Palts, dy't oer Nederlân nei Amearika reizgje woene. Hja krigen lykwols gjin permisje om troch Nederlân te reizgjen en bleaune oan de Dútske kant fan de grins hingjen. De gemeente wiisde har in stik grûn ta op de Gocher Heide en dat waard letter it doarp Pfalzdorf. Om 't de migranten protestantsk wiene en yn in fierder roomske omjouwing kamen, wisten de ynwenners fan Pfalzdorf noch lang harren oarspronklike dialekt fêst te hâlden.
Yn 1847 waard de earste Gocher flaaksmerk hâlden. Sokke flaaksmerken wiene oan it begjin fan de 19e iuw gewoan oan de Niederrhein. Flaaks is in kultivearre gewaaks dat yn dy tiid ferboud waard foar de fezels. De merk fynt no altiten twaris yn it jier plak.
De oanlis fan it spoar Keulen–Kleef en it spoar Boxtel–Wesel mei Goch op de krusing levere de stêd wat yndustry en ekonomyske bloei op. It belangrykste fabryk wie it Nederlânske Margarinebedriuw Jurgens & Prinzen GmbH. Yn 1928 wurken dêr sa'n trijetûzen minsken.
De befolking fan 'e stêd groeide fan likernôch 4.000 yn 1850 nei 13.600 yn 1933.
Yn 1905 waard it stedsbegraafplak oprjochte as protestantsk begraafplak en yn 1912 waard dêr njonken in roomsk begraafplak stifte. Sûnt in gemeentlik beslút fan 14 juny 1973 wurde begraffenissen net mear neffens godstsjinst holden.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Kristallnacht fan 9 op 10 novimber 1938 waard de synagoge yn de Herzogenstraße yn Goch troch de SA en de SS fernield en ôfbaarnd.
Yn de nacht fan 7 op 8 febrewaris 1945 en in pear dagen letter, op 12 febrewaris 1945, waard de stêd bombardearre. By de Slach om it Reichswald fan 7 oant 22 febrewaris 1945 krige ek Goch syn diel oan fjochterijen en artillerybombardeminten. Hast 80% fan de gebouwen waard yn dat lytse skoftsje tiid fernield. It alliearde opperbefel tocht dat der in rûnte fan bunkers om de stêd lein wie. Dat kin ynfloed hân ha op it beslút om swiere bombardeminten op de stêd út te fieren. It doel fan it folgjende grûnoffensyf wie om by Wesel de Ryn oer te stekken om sa it Ruhrgebiet yn te kommen.
Neioarlochske tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de nacht fan 24 maaie 1993 stoartte de 67 meter hege toer fan de Marije Magdalenatsjerke yn, mooglik noch in gefolch fan de bombardeminten yn 1945. De weropbou fan de toer duorre 10 jier.
Op 18 maaie 2005 ferklearre de biskop Reinhard Lettmann fan Münster de stêd ta beafeartsplak. Sûnt de hillichferklearring fan pater Arnold Janssen yn 2003 bringe jimmeroan mear pylgers in besite oan de Maria Magdalenatsjerke, de dooptsjerke fan Janssen en syn bertehûs.
Op 8 septimber 2011 wie Kessel om 21.02 oere it episintrum fan in ierdskodding fan 4,5 op de skaal fan Richter. Kessel leit noardwestlik fan Goch. De ierdskodding fan Goch hie syn hyposintrum op in djipte fan 4,1 kilometer. De ierdskodding waard sa'n 200 kilometer fan it episintrum field, mar der waard gjin skea fêststeld en der foelen gjin slachtoffers.
Yndieling gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de gemeentlike weryndielingen fan 1 july 1969 bestiet de gemeente Goch út acht kearnen (befolking op 30 juny 2016):
- Goch (20.543 ynwenners)
- Gaesdonck
- Asperden (2.340 ynwenners)
- Hassum (1.142 ynwenners)
- Hommersum (502 ynwenners)
- Hülm (715 ynwenners)
- Kessel (2.134 ynwenners)
- Nierswalde (1.039 ynwenners)
- Pfalzdorf (6.959 ynwenners).
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Museum Goch
- Arnold Janssen Haus (Bertehûs Arnold Janssen)
- Karnavalsmuseum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Goch
|