Stasjon Rotterdam Delftsche Poort
Stasjon Rotterdam Delftsche Poort station Rotterdam Delftsche Poort | ||
Rotterdam Delftsche Poort om en de by 1902 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Súd-Hollân | |
gemeente | Rotterdam | |
plak | Rotterdam | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | DP | |
type | Kopstasjon | |
iepening | 3 juny 1847 | |
sluting | 21 maaie 1957 | |
boujier | 1846 1e stasjonsgebou 1877 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1878 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1846 Cornelis Outshoorn 1e stasjonsgebou 1873 Karel Hendrik van Brederode 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
spoarline | Alde line Steatsline I | |
kaart | ||
Stasjon Rotterdam Delftsche Poort (DP) wie in stasjon oan de Alde line en Steatsline I yn Rotterdam yn de provinsje Súd-Hollân. It stasjon stie besúden it hjoeddeiske Stasjon Rotterdam Sintraal. Njonken it stasjon is yn 1857 de Diergaarde iepene.
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste stasjon Delftsche Poort waard iepene yn 1847 by it ôfmeitsjen fan it spoar fan Amsterdam nei Rotterdam. It stasjon waard ûntwurpen troch Cornelis Outshoorn, in assistint fan Frederik Willem Conrad. Hy keas foar in neotudorstyl mei trije grutte bôgen oer it spoar dêr't de stoomtrein ûnder troch koe.[1][2]
Yn 1868 waard besletten in spoarweifiadukt (it Loftspoar) troch de stêd te bouwen foar de ferbining mei Doardt. It stasjonsgebou fan stasjon Delftsche Poort bliek net te kombinearjen mei it oan te lizzen fiadukt, wêrnei't in nij stasjon Delftsche Poort boud waard 500 meter fan it âlde stasjon. Dit stasjon wie ûntwurpen troch K.H. van Brederode en waard oplevere yn 1877. It eardere stasjonsgebou waard om 1878 hinne ôfbrutsen.
It stasjon waard útfierd as kopstasjon mei lânspoaren. Dêrtroch hat stasjonsgebou in bysûndere foarm, nammentlik de foarm fan in heak. It bestiet út in trapesium-foarmich middenpart mei oan wjerskanten lange fleugels. Yn de fleugel dy't op de kopspoaren útkaam wie de HIJSM húsfeste wylst Steatsspoar yn de tsjinoerlizzende fleugel siet. It stasjonsgebou waard yn 1934 yngreven ferboud troch arsjitekt Van Ravesteyn. By dizze ferbouwing waard de gevel fan it middenpart ferfongen troch in nije glêzen yngong en der waard in nije eftertagong tafoege.
By it bombardemint op Rotterdam yn 1940 rekke it stasjon slim skansearre, besletten waard om it stasjon net te reparearjen mar om in folslein nij stasjon te bouwen 500 meter westlik fan it skansearre stasjon. De restanten fan it skansearre stasjon ha noch oant 1957 de iepening fan it nije stasjon tsjinst dien.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|