Cornelis Outshoorn
Appearance
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/d1/Cornelis_Outshoorn_%281810-1875%29.jpg/220px-Cornelis_Outshoorn_%281810-1875%29.jpg)
Cornelis Outshoorn (Nijfean, 16 augustus 1812 – Amsterdam, 23 april 1875) wie in Nederlânske yngenieur en arsjitekt.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Outshoorn boude as yngenieur, yn tsjinst fan Hollandse IJzeren Spoorweg Maatschappij, yn it earste plak spoarbrêgen en spoarstasjons. As selsstannich arsjitekt ûntwurp er letter ferskate foaroprinnende gebouwen yn Amsterdam, lykas it Paleis voor Volksvlijt (1855-1864) en it Amstel Hotel (1867).
Oare bouwurken fan syn hân wiene Stasjon Amsterdam Willemspoort (1843), Hotel d'Oranje (1869, sloopt yn 1950) yn Skeveningen, hotel Groot Berg en Dal (± 1869) yn Beek by Nymwegen en sosjeteit De Witte (1870) yn Den Haach.
-
Paleis voor Volksvlijt, Frederiksplein, Amsterdam, gevel en plattegrûn. 1856-1864
-
Keninklik Postkantoar Amsterdam
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cornelis Outshoorn fan Wikimedia Commons. |