Steendam
Steendam | ||
Lokaasje fan Steendam yn de eardere gemeente Slochteren | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Midden-Grinslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 195 (2021)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 16' NB, 6° 28' EL | |
Kaart | ||
Steendam (Grinslânsk: Staindam) is in doarpke oan it Schildmeer yn de gemeente Midden-Grinslân, yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It doarp leit oan de âlde dyk fan Noordbroek nei Appingedam en oan it Ofwetteringskanaal fan Duurswold. Omdat it dêr frij sompich wie waard om 1800 in stiennen daam oanlein. Yn 2008 hie Steendam 150 ynwenners.
Steendam is in wat ferspraat lizzend lintdoarp en hat net folle romtlike gearhing. In buorren is der net. De measte huzen komme út de tweintchste iuw. Oan de noard- en eastide is it doarp ynsletten troch in produksjebosk.
Troch de lizzing oan it Schildmeer is it gebiet oan de súdwestkant fan it doarp útgroeid ta in beskieden wettersportsintrum. De earste sylwedstriden op de mar waarden al yn de 19e iuw hâlden tusken skippers dy't by de mar bytiden wachtsje moasten op geunstige wyn. Sadree't de wyn dan opstuts wie it in wedstryd om as earste de mar oer te stekken.
Besuden it wettersportsintrum, rjochting Gaarland, leit in plasse dy't ûntstien is troch sânôfgraving.
Yn 2007 hie de gemeente Slochteren in plan om it doarp mear op it Schildmeer oanslute te litten (middels in bûlevaar) en it doarp in 'doarpshert' te jaan. Sa soe it doarp útgroeie kinne fan in weidoarp nei in wetterdoarp. Dy plannen binne troch jildkrapte net trochgien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Steendam (Groningen fan Wikimedia Commons. |