Springe nei ynhâld

Griene Line (Israel)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 feb 2023 om 01.16 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Skiednis: is net ien wurd)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De Griene Line yn grien. It tsjokke gebiet is de demilitêre sône

De Griene Line is de demarkaasjeline tusken Israel en de Palestynske kriten neffens de grinzen dy't yn de wapenskoft fan 1949 oerienkommen binne nei de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 tusken Israel en syn buorlannen Egypte, Jordaanje, Libanon en Syrje. De Griene Line tsjinne as de facto grinzen fan de steat Israel oant 1967.

De Griene Line waard ynearsten ornearre as in demarkaasjeline en net as in permaninte grins, sa't dat dúdlik yn de wapenskoft fan 1949, op oantrunen fan de Arabieren, oerienkommen waard. De namme komt fan it griene stift dy't brûkt waard by de wapenskoftûnderhannelings om de line op de kaart oan te jaan. De Griene Line bleau de grins oant de Seisdeiskekriich yn 1967 doe't Israel gebieten besette bûten de Griene Line, lykas de Gazastripe, de Golanhichte, it Sinaï-skiereilân, East-Jeruzalim en it Westjordaanlân.

Stikeltried op de skieding tusken West- en East-Jeruzalim

Doe't it Britske mandaat oer Palestina yn 1948 ôfrinne soe, waard it Mandaatgebiet Palestina yn 1947 neffens Resolúsje 181 fan de Feriene Steaten ferparte yn in Joadske steat en in Arabyske steat. Jeruzalim en omkriten soe as ien enklave ûnder ynternasjonaal bestjoer komme. De Arabieren fersmieten it plan en doe't Sionistyske Joaden iensidich de ûnôfhinklikens fan Israel yn 1948 útropten, bruts de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 út. Dêrop besetten Transjordaanje it Westjordaanlân, mei East-Jeruzalim mei de Alde Stêd en Egypte de Gazastripe. Israel besette guon gebieten dy't ynearsten foar de Arabyske steat ornearre waarden. Doe't Israel en de Arabyske buorlannen de wapenskoft yn 1949 oerienkamen, waard de Griene Line fêststeld neffens it militêre front tusken beide kanten. Dêrop waard Jeruzalim ferdield; West-Jeruzalim kaam ûnder Israelysk bestjoer en East-Jeruzalim ûnder Jordaansk bestjoer. It begryp Griene Line waard almeast brûkt foar de demarkaasjeline yn Jeruzalim en tusken Israel en it Westjordaanlân.

Yn de Seisdeiske Kriich yn 1967 besette Israel de Golanhichte, it Westjordaanlân mei East-Jeruzalim, de Gazastripe en it Sinaï-skiereilân. Dêrtroch hie de demarkaasjeline op militêr mêd net folle mear te betsjutten en wie de status dêrfan net wis mear.

Alhoewol't Israel formeel altyd oanjûn hie dat de Griene Line gjin wetlike betsjutting hat, bleau de line fan polityk, wetlik en bestjoerlik belang. Israel beskôge it gebiet oan de bûtenkant fan de Griene Line, yn tsjinstelling ta it gebiet binnen de Griene Line, as beset gebiet en waarden net yn it Israelyske politike en bestjoerliek systeem ynboargere. It gebiet bûten de Griene Line kaam ûnder Israelysk militêr bestjoer en letter ûnder it bestjoer fan de Palestynske Autoriteit. Boargerskip op it mêd fan residinsje waard bepaald troch de Griene Line, allyksa as mei de status fan flechtlingen.

It ferlizzen fan de gemeentegrins fan Jeruzalim yn 1980 wie in útsûndering op dat mêd. Alhoewol't Jeruzalim part wie fan it gebiet bûten de Griene Line, dy't oant 1967 troch Jordaanje bestjoerd waard, ferklearre Israel dat Jeruzalim "folslein en feriene" as haadstêd fan Israel tsjinje soe neffens de Jeruzalimwet fan 1980. Dat waard lykwols troch net ien lân en de Feriene Naasjes erkend. In fiktive Griene Line ferpartet Jeruzalim noch hieltyd oan de grins tusken East- en West-Jeruzalim.

De Golanhichte is in oare útsûndering. Dy is yn 1981 neffens de Golanhichtewet troch Israel formeel yn Israel ynboargere. De Feiligensrie fan de Feriene Naasjes ferklearre dat ûnwettich neffens ynternasjonaal rjocht.

Fredesferdraggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stikeltried as part fan de Israelyske barriêre op de skieding tusken Israel en de Palestynske kriten

Nei de besetting fan de gebieten troch Israel nei de Seisdeiskekriich sette Israel útein mei it bouwen fan Israelyske delsettings dêre. Dat boaze it Israelysk-Palestynsk konflikt oan en wurdt troch de ynternasjonale mienskip as yllegaal beskôge, itjinge Israel bestriidt. Yn 1982 waard it fredesferdrach tusken Egypte en Israel tekene oangeande it Sinaï-skiereilân, dêr't Israel by oerienkaam om dêrút werom te lûken. Yn 1993 waard by de Oslo-akkoarten troch de lieder fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO), Jasser Arafat en de Israelyske premier Yitzchak Rabin ûnder bemiddeljen fan de Amerikaanske presidint Bill Clinton dat Israel it bestjoer oer de Palestynske gebieten, de Gazastripe en it Westjordaanlân yn fiif jier oerdrage soe oan de Palestynske Autoriteit. Jeruzalim waard ynearsten bûten beskôging litten. Dat kaam mar tige stadichoan fan de grûn en de ûntefredenens oan beide kanten begûn te waaksen. Dêrop brieken grutte Palestynske rebûljes út, dy't as de Twadde Palestynske Intifada bekend kaam te stean. Selsmoardoanslaggen en oare terroristyske aksjes út it Westjordaanlân wei yn Israel setten it Israelysk regear ta foar it bouwen fan de Israelyske barriêre yn 2002. Dy barriêre waard oan de Palestynske kant by de Griene Line del boud. Ek waard in part fan dy barriêre yn it Westjordaanlân boud dêr't de Israelyske delsettings oan de Israelyske kant fan dy barriêre kamen te lizzen. Dêrby waarden Palestynske mienskippen mei 25.000 Palestinen ôfsnien fan oare Palestynske gebieten.

De PLO en syn lieder Jasser Arafat, de Palestynske premier Mahmûd Abbas, de Amerikaanske presidint Barack Obama en de Jeropeeske Uny hawwe oantrúnd om de grinzen tusken Israel en Palestina fan foar 1967 as offisjele grinzen fêst te stellen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.