Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Friens

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 feb 2023 om 20.03 troch Drewes (oerlis | bydragen) (opmaak oars)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Tsjerke fan Friens
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Friens
koördinaten 53° 05' N 5° 47' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (Nederlânsk-herfoarme)
patroanhillige ûnbekend
Arsjitektuer
boujier 1795
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 22881 [1]
Webside
Side Tsjerkje fan Friens
Kaart
Tsjerke fan Friens (Fryslân)
Tsjerke fan Friens

De Tsjerke fan Friens is de 13-iuwske tsjerke fan Friens yn de gemeente Ljouwert. De herfoarme tsjerke is oanslettten by de PKN en foarmet ien gemeente mei de herfoarme tsjerken fan Idaerd en Reduzum.

By opgravingen binne fûneminten fûn fan in dowestienen tsjerke, dy't dêr yn de 13e iuw stie. Oant de reformaasje yn 1580 hie Friens in eigen pastoar, dy't neist syn tsjerklike plichten libbe fan it tsjerkelân. Dat lân bewurke hy sels. Doe't de katolike tsjinsten ferbean waarden, waard it alter yn de tsjerke ôfbrutsen. Om't it lytse tal ynwenners fan de doarpen gjin eigen dûmny betelje koene waard der in gearwurkingsferbân mei Idaerd oprjochte.

Yn 1704 waard de toer fan de tsjerke ôfbrutsen. De frijkommen stiennen brochten in bedrach fan ƒ 139,00 op. It oerwurk út de toer waard opburgen en de klok stie op it tsjerkhôf. Sûnt 1720 hong de klok neffens it foarbyld fan de tsjerke yn Sibrandabuorren yn in houten tuorke.

Hjoeddeiske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oargel

It hjoeddeiske tsjerkegebou fan Friens waard boud yn 1795, it jier dat de Frânske tiid begûn. Dat ferklearret de bysûndere omstannichheid dat de famyljewapens net út de grêfstienen, dy't no noch yn de tsjerke lizze, kapt binne. It tsjerkegebou wie op it stuit fan de bou net te sjen en ek net te berikken, sadat dêr neat fernield waard.

Yn 1886 waard de tsjerke neffens de easken fan dy tiid ferboud. Alle grutte grêfstienen waarden oerein set en de banken waarden ôfbrutsen en as brânhout ferkocht. In nij ynterieur waard makke en de kânsel yn de foarm fan in kûp krige in katederfoarm. De kânsel is by de tsjerkerestauraasje fan 1989 stean bleaun.

De westgevel en de toer binne fan 1906 en ûntwurpen troch de arsjitekt Hendrik Kramer.

Nei de Twadde Wrâldoarloch rekke de tsjerke wer yn ferfal. By de restauraasje yn 1989 is de tsjerke wer ynrjochte sa't dy yn 1887 wie.[2]

De tsjerke is bekend fanwegen it grutte tal roubuorden fan de famylje Sytzama. Yn de tsjerke hingje trettjin roubuorden út it tiidrek 1637-1843. De seis grutte sarken fan deselde famylje (1607-1759) dy't earder tsjin de muorre fan it koer stiene, lizze hjoeddedei wer yn 'e flier.

De klok fan de tsjerke waard yn de 13e iuw getten. De toer hat in mechanysk oerwurk. It ynstrumint hat fiif registers op ien manuaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ryksmonuminten
  2. de tsjerke fan Friens