Springe nei ynhâld

Himriksmole

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 jan 2023 om 21.13 troch Aliter (oerlis | bydragen) (Ljouwert (gemeente))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Himriksmole
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Ljouwert
adres Noarder Rûchlân
koördinaten 53° 12'N 5° 53'E
bysûnderheden
type mûne spinnekop
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen fan de Himpensermarpolder
flecht 11 meter
boujier 1860, werbou yn 1952, 1976, 1996
oare ynformaasje
eigner Gem. Ljouwert
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35675
Kaart
Himriksmole (Fryslân)
Himriksmole

De Himriksmole is in mealreeë spinnekopmole yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer yn de gemeente Ljouwert.

De mûne waard oarspronklik yn 1860 boud foar it bemeallen fan de Himrikspolder by Huzum. Yn 1952 waard de mûne oerbrocht nei Ryptsjerk, dêr't er in skoft yn de buert fan pleats 'Wielsicht' tichtby de Ryptsjerkster Feart stie. De Himriksmûne waard yn 1976 fersetten nei it hjoeddeiske plak yn it natuer- en rekreaasjegebiet De Griene Stjer, dêr't er tsjinst docht as ynmealler. Sûnttiids wurdt hy ek wol De Griene Stjer neamd.

Troch brânstifting waard de Himriksmole yn 1995 hast hielendal ferwoaste, mar hy waard it jier dêrop wer opboud.

Fan 1971 oant 1979 wie de Himriksmole yn it besit fan de Stifting De Fryske Mole. Tsjintwurdich is hy eigendom fan de gemeente Ljouwert. De mûne is te besichtigjen as er draait.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: