Domplein
Domplein | ||
bouwurk | ||
It Domplein mei de Domtsjerke en it stanbyld fan Jan fan Nassau op de foargrûn | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
Gemeente | Utert | |
plak | Utert-Binnenstêd | |
koördinaten | 52° 5' 26" NB, 5° 7' 19" EL | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Plein | |
boujier | 1587 | |
boustyl | strjitstiennen | |
oare ynformaasje | ||
lingte | ±100 meter | |
breedte | ±50 meter | |
oerflak | ±5000 m² |
It Domplein is in plein yn de binnenstêd fan de Nederlânske stêd Utert en is neamd nei de Domtsjerke dy't oan it plein stiet.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plein hat in tige lange skiednis mei lyksafolle argeologyske oerbliuwsels. Op it plak bouden de Romeinen om 50 n.Kr. hinne in castellum (fort) Traiectum (fan it Latynske traiectere - oerstekke), njonken it plak dêr't oer de Ryn hinne stutsen wurde koe, om dy oergong te beweitsjen, mar ek in oare rivier, de hjoeddeistige Utertske Fecht te kontrolearjen. Der waard lang fan tocht dat it castellum yn in bocht fan de limes oan de Ryn lei fan Katwyk nei Dútslân. Ut ûndersyk yn 2008 die bliken dat de limesdyk súdliker rûn en it castellum oan in ôfspjalting fan dy dyk lei. Under it plein binne noch oerbliuwsels fan de stiennen muorre, dy't om 200 hinne boud waarden, fûn.
Om 630 hinne liet de Frankyske kening Dagobert I in tsjerkje binnen de oerbliuwses fan it romeinske fort bouwe. Dy waard al rillegau troch de Friezen ferwoastge en ynnommen yn harren striid mei de Franken om it gebiet. In muntskat út dy snuorje wei waard fûn ûnder it plein. Doe't de Frankyske kening Karel Martel de Friezen yn 723 fersloech kaam Utert yn Frankyske hannen en dy lieten it castellum yn in boarch ombouwe. De Angelsaksyske biskop Willibrord, dy't de Friezen kristenje moast, stifte de Sint-Martenstsjerke, de foargonger fan de Dom, en de Sint-Salvatortsjerke. It waard in geastlik gebiet mei ymmuniteit, itjinge betsjut dat it plak net ûnder it wrâldsk gesach foel. De Dom en Aldmúnster, sa't de Salvatortsjerke bekend stie, hiene beide harren eigen ymmuniteit. De grins rûn dwers troch itjinge no it Domplein is. Yn de njoggende iuw woeks de boarch út ta in palts. It biskoplik paleis dy't biskop Adelbold II yn 1018 bouwe liet, grinzge oan de ymmuniteit fan Aldmúnster en waard yn 2008 by argeologyske opgravings weromfûn. Keizer Hindrik III liet om 1023 hinne oan it ymmuniteitsgebiet syn eigen paleis, Lofen, bouwe. Fan dat keizerlik gebou binne oerbliuwsels bewarre bleaun yn de kelders fan de pannen oan de Vismarkt en in pân oan it Domplein. It gebiet fan de eardere boarch waard troch de midsiuwen hinne fol boud. Der wie doe noch gjin plein.
Nei de Reformaasje waard de Sint-Salvatortsjerke yn 1587 ôfbrutsen en doe ûntstie der foar it earst in plein. It middenskip fan de Dom stoarte yn 1674 as gefolch fan in swiere stoarm yn. Yn 1829 waard de ruïne dêrfan oprêden en dêrmei waard it plein tige fergrutte. It part fan it plein dat oarspronklik ta de ymmuniteit fan de Sint-Salvatortsjerke hearde, hjitte it Aldmúnstertsjerkhôf, en it part dat ta de ymmuniteit fan de Dom hearde hjitte it Domtsjerkhôf. Yn 1912 waarden beide nammen ferfongen troch de namme Domplein. Yn de hjoeddeistige bestrjitting fan it plein is de plattegrûn fan de Sint-salvatortsjerke, de Hillich Krúskapel en it ynstoarte part fan de Dom werjûn.
It Domplein wie tusken 1893 en 1938 it wichtichste knooppunt fan de Utertske tram.
Guon monuminten oan it plein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Domtoer
- Domtsjerke oan oare kant fan it plein foar de toer oer
- Akadeemjegebou fan de Universiteit fan Utert
- Stânbyld fan Jan fan Nassau, dy't de oanset joech foar de Uny fan Utert (1579), dy't foar it Akadeemjegebou stiet.
- In fersetsmonumint op it plak fan it middenskip ta oantinken fan it Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich.
- Tinkstien op it plein ta oantinken fan de homoseksuelen dy't temûk byinoar kamen yn de ruïne fan it middenskip dy't yn de 17e iuw ferfolge waarden, sjoch Utertske sodomyprosessen
.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Domtoer
-
Kleastergong Domtsjerke
-
Akadeemjegebou
-
Parten fan it keizerlik paleis
-
Panorama Domplein
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Commons: Domplein – foto, fideo en harktriemmen
|