Springe nei ynhâld

Grand Traverse Yndianereservaat

Ut Wikipedy
De ferzje fan 6 nov 2022 om 20.39 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kaart yn ynfoboks set)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Grand Traverse Yndianereservaat
Grand Traverse Indian Reservation
Utsjoch oer de Grand Traversebaai
Utsjoch oer de Grand Traversebaai
polityk
haadplak Peshawbestown (Michigan)
stamme Grand Traverse Troep
lân Feriene Steaten
steat Michigan
county Leelanau County
sifers
ynwenners 545 (2000)
oerflak 4,5 km²
bef.tichth. 218 / km²
oar
stifting 1980
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.gtbindians.org
kaart
Utsjoch oer de Grand Traversebaai
Yndianereservaten yn Michigan. It Grand Traverse Reservaat is werjûn yn read.

It Grand Traverse Yndianereservaat (Ingelsk: Grand Traverse Indian Reservation) is in reservaat fan 'e nau besibbe Algonkwynske Odjibwe- en Ottawa-folken. It leit yn 'e Amerikaanske steat Michigan, oan 'e kust fan 'e Michiganmar, en omfettet ferskate kasino's. It bestiet út ferskate losse perselen lân en waard yn 1980 stifte foar de federaal erkende Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan (Grand Traverse Band of Ottawa and Chippewa Indians of Michigan). It haadplak is Peshawbestown.

De namme Grand Traverse is fan Frânsk komôf. Grand betsjut "grut", en in traverse is in "oerstekplak" of in "furde" troch in rivier of beek.

Under it Ferdrach fan Washington, út 1836, stiene de Odjibwe en Ottawa fan Grand Traverse harren oarspronklike lân yn it sintrale part fan Neder-Michigan ôf oan 'e Feriene Steaten. Yn 1855 waard der foar harren ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Detroit in reservaat skepen yn it Grand Traverse-gebiet, mar dat waard oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw troch it Amerikaanske regear opheft. Nei in wrakseling mei de Amerikaanske oerheid fan mear as in fyftich jier wist de Grand Traverse Troep yn 1980 einlings erkenning te krijen. Sadwaande waard op 27 maaie 1980 troch it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken foar de stamme it eigen Grand Traverse Yndianereservaat oprjochte.

It Grand Traverse Reservaat leit yn it noardwesten fan Neder-Michigan, oan 'e kust fan Michiganmar en de Grand Traversebaai, op 45°01′13″ noarderbreedte by 85°36′22″ westerlingte. It meastepart fan it grûngebiet fan it reservaat (hast 55%) beslacht in stikmannich net oaninoar grinzgjende stikken lân yn it easten fan Suttons Bay Township, yn Leelanau County. Dit eigentlike reservaat hat in oerflak fan 2,54 km² (of 627,46 acres). Fiif lytsere perselen bûtenreservaatsk beheargebiet lizze yn fjouwer oare countys fan Michigan:

It totale oerflak oan lân fan it reservaat en alle bûtenreservaatske beheargebieten bedraacht 4,5 km² (of 1.100 acres). It haadplak is Peshawbestown, dat yn Suttons Bay Township leit. It tsjinstgebiet fan 'e Grand Traverse Troep beslacht tsjintwurdich in gebiet fan seis countys: Antrim, Benzie, Charlevoix, Grand Traverse, Leelanau en Manistee County.

It Leelanau Sands Casino, yn Peshawbestown.

Neffens offisjele gegevens fan 'e Amerikaanske folktelling fan 2000 wennen der doe 545 minsken yn it reservaat, wêrfan't 436 (of 80%) fan Yndiaansk etnysk komôf wiene. Fan 'e oare leden fan 'e Grand Traverse Troep wennen der 1.174 deunby it reservaat, yn it seis countys tellende tsjinstgebiet fan 'e stamme-organisaasje. Mei-inoar komt dat út op 40,4% fan 'e leden. De restearjende 59,6% fan 'e leden fan 'e Grand Traverse Troep wennet om utens, yn oare dielen fan 'e Feriene Steaten.

Ekonomy en foarsjennings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Grand Traverse Reservaat is ryk oan natuerlike helpboarnen, wêrûnder swiet wetter yn oerfloed, yn 'e foarm fan 'e Michiganmar, de Grand Traversebaai, de Leelanau-mar, Elk Lake en ferskate lytsere rivieren en beken. Oare natuerlike helpboarnen binne ûnûntgûne wâldgebieten dy't brûkt wurde foar tradisjonele foarmen fan jacht, fiskerij en it sammeljen fan wylde planten om op te iten, om homeopatyske genêsmiddels fan te meitsjen of om te brûken as materiaal foar konstruksje of tradisjonele ambachten (kuorkjen, houtfykjen, ensfh.).

Mei't federaal reservaatlân net ûnder de steatswetjouwing fan Michigan falt, jildt yn it reservaat ek it steatsferbod op it organisearjen fan kânsspullen net. Om dêrfan te profitearjen hat de Grand Traverse Troep op syn lân twa kasino's oanlein: it Leelanau Sands Casino en it Turtle Creek Casino and Hotel. Teffens is der it Grand Traverse Resort & Spa fêstige, in resort en kueroard mei ûnder mear in grutte golfbaan en 600 hotelkeamers yn Acme.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.