Springe nei ynhâld

Celilo Falls

Ut Wikipedy
De ferzje fan 31 okt 2022 om 17.43 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (meartal)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Celilo Falls
Celilo Falls (Oregon)
Celilo Falls
Lokaasje fan de Celilo Falls yn Oregon
Fiskjen by de Celilowetterfallen om 1950 hinne

De Celilo Falls (Wyam yn de hjir sprutsen yndiaanske talen wat echo fan it fallende wetter of lûd fan wetter op de rotsen betsjut) wiene in stikmannich wetterfallen yn de rivier de Kolumbia, eastlik fan it Cascadesberchtme en justjes bewesten it plakje Wishram op de grins fan de Amerikaanske steaten Oregon en Washington. De namme wiist eins nei de wetterfallen en de ferskate yndiaanske doarpen en hannelssintra dat der yn ferskillende foarmen bestien hawwe foar 15.000 jier. Celilo wie it langst kontinú bewenne gebiet yn Noard-Amearika oant de foltôging fan de The Dalles Daam yn 1957 bewesten Celilo. Nei de bou fan dizze keardaam strûpten it doarp mei inkelde oare fiskersdoarpen ûnder, allyk de wetterfallen en doe ûntstie in boezemmar: de Celilo Mar.

De wetterfal bestie út 3 parten. Dizze wetterfallen wiene foarme troch de trochgeande druk fan it wetter fan de Kolumbia rjochting de Stille Oseaan troch fersmellings foarme troch basaltrotsen. De rivier wie 1,6 km breed, mar yn de fersmellings wie de rivier mar 43 meter breed. It wetteroaanfier ferskilde yn de ferskillende jiertiden. Mei leech wetter foel it wetter fanôf de wetterfallen sa'n 6 meter del. Yn 'e maitiid nei it teien wiene de wetterfallen sawat ûnder wetter. De wetterfallen wiene kwa folume de sechde grutte yn 'e wrâld. Jierlikse oanfier bedroech trochsneed 5380 m³ de sekonde en yn tiden mei heech wetter of floed gie der wol 35.113 m³ de sekonde trochhinne.

Streamfersnellings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Celilo Falls sels wie de earste fan in rige lytsere wetterfallen en streamfersnellings bekend as The Narrows (fersmellings) of The Dalles mei in totale lingte fan 19 km. Yn dit diel sakket de rivier sa'n 25 meter by heech wetter en 19 meter by leech wetter. Sa'n 5 km ûnder Celilo Falls is in rige streamfersnellings bekend as de Short Narrows (koarte fersmellings), Ten Mile Rapids, Little (of Upper) Dalles of Les Petites Dalles. Dy fersnellings wiene sa'n 1,6 km lang en 76 meter breed. Justjes fierder, sa'n 16 km ûnder Celilo Falls, wie in oare rige streamfersnellings bekend as Long Narrows (lange fersmellings), Five Mile Rapids, Big (of Lower) Dalles, Les Grandes Dalles of Grand Dalles. Dat diel wie sa'n 5 km lang en 23 meter breed. Direkt fierderop wiene de Dalles Rapids of Wascopam, yn de taal fan de yndianen. Dat diel wie sa'n 2,4 km lang en it wetter foel hjir sa'n 5 meter. De dielen fan de Long Narrows en Dalles Rapids waarden meiïnoar ek wol Grand Dalles, Les Dalles, Big Dalles of The Dalles neamd.

Celilokanaal yn 1910, mei de rivier de Kolumbia lofts

Om de wetterfallen foarby te reizgjen, waard yn 1858 oan de súdkant de 31 km lange Oregon Portage Railroad boud. Dit wie ferfongen yn 1863 mei it spoar fan de Oregon Steam Navigation Company. Doe't skipfeart tanaam, waard besocht en bou in kanaal lâns de wetterfallen. It wie net earder as 1905 doe't mei de bou fan it Celilokanaal úteinset waard. It wie pas ree yn 1915. It kanaal is oerstallich wurden nei de bou fan The Dalles Daam en doe it kanaal en alle derby hearrende bouwurken ûnder wetter strûpten.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Falls References, op dizze side.