Protestantske tsjerke fan Noardburgum
Protestantske tsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Noardburgum | |
adres | Ryksstrjitwei 15 | |
koördinaten | 53° 13' N 6° 0' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1850-1851 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 512527 | |
Webside | ||
Side fan de gemeente | ||
Kaart | ||
De Protestantske tsjerke fan Noardburgum wie foar de fúzje fan de grifformearde en herfoarme tsjerken fan Nederlân in herfoarme tsjerke en is tsjintwurdich it tsjerklike sintrum fan de PKN-gemeente fan Noardburgum. De tsjerke hat de status fan ryksmonumint.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard healwei de 19e iuw boud foar de earme bewenners op de Burgumerheide. De likernôch 1000 bewenners wiene tsjerklik oanwiisd op Burgum, mar sa'n 30% fan de befolking wie net doopt en fan de minsken dy't al doopt wiene seagen nea in tsjerke fan binnen. De Burgumer dûmny Nieubuur Ferf hold yn in lokaal fan it earmhûs tsjerketsjinsten en kategisaasjeles foar de jongerein, mar de sitewaasje wie fier fan optimaal. Letter waard dûmny Ferf dêrby holpen troch de lettere dûmny fan Burgerheide, Ulbo Wilhelmus Thoden van Velzen. Syn krewearjen soarge foar de bou fan in earste, herfoarme tsjerke op de heide.
Op 19 july 1850 waard de earste stien foar de nije tsjerke lein en op 19 jannewaris 1851 koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurde. De pastorije waard al yn 1849 foltôge.[2]
Mei de foarming fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân waard foar de herfoarme tsjerke keazen as it tsjerklik sintrum fan de PKN. De grifformearde tsjerke oan de Sânhústerwei waard mei dat beslút ôfstjitten.[3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It acht registers tellende sleeplade-oargel waard yn 1907 boud troch de Ljouwerter oargelfirma Bakker & Timmenga.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |