Horatius Nieubuur Ferf

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Horatius Nieubuur Ferf

Horatius Nieubuur Ferf (Ljouwert, 17 septimber 1776 - Burgum, 6 septimber 1859) wie in frijsinnich herfoarme predikant en skoalopsjenner.

Hy studearre teology yn Utert en promovearre op it proefskrift De fide et auctoritate Matthaei in referenda Jesu oratione cap. V-VII (Traj. ad Rh. 1799). Maaie 1802 waard er predikant yn Molkwar en yn 1806 yn Burgum, dêr't er oant syn emeritaat yn 1848 bleau. Ek hat er 43 jier lang skoalopsjenner west en wie er fan 1821 oant 1824 foarsitter fan it provinsjaal tsjerkebestjoer fan Fryslân.

Ferf boaske yn 1806 yn Molkwar oan Anna Eldering dy't 3 july 1862 yn Burgum ferstoar.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Redevoering over het allergrootst belang van eene echt godsdienstige vorming der jeugd in de lagere scholen (Ljouwert, 1841) hjir te lêzen.
  • Het Godsbestuur zigtbaar in het vijftigjarig bestaan van het verbeterd onderwijs in de lagere scholen van ons Vaderland. Feestrede (Ljouwert 1852).
  • Oersetting fan K.G. Bretschneider syn De godgeleerdheid en de onwenteling.... (Ljouw., 1838; 2de pr. Grins 1846).
  • Noodige bijlagen tot het stuk, getiteld: De geestlijkheid ontmaskerd...., mei Ds. H.W.C.A. Visser fan Warns, (Snits 1805).[1]
  • Preken: Leerrede over Joh. 11:35 (Ljouw., 1810), en Hulde aan God en Jezus. (Burgum, 1851).

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • J.J. Kalma, Horatius Nieubuur Ferf (1776-1859): dominee-schoolopziener : bibliografie 1981

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Ferf.

Noaten:

  1. Bedoeld waard it ‘stuk’: De geestlijkheid ontmaskerd: in een oprecht en waarachtig verhaal der onderdrukkingen geleden bij Johan van Dalen; geboortig uit Zeeland en friesschen candidaat, zonder naam van schrijver, plaats van uitgave en jaar verschenen, welk werkje een zeer zonderlinge geschiedenis opent.