Springe nei ynhâld

Private (filmstudio)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 okt 2022 om 21.34 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red. Links yn 'e tekst nei artikels yn 'e Italjaanske wikipedia lykje my net winsklik.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Private Media Group, Inc.
algemien
hist. namme Private Magazine
nasjonaliteit Spaansk
(foarhinne Sweedsk)
type publyk
sektor pornografyske filmstudio,
útjouwerij
haadkertier Barcelona (Spanje)
oprjochte 1965
oprjochter Berth Milton sr.
eigner Berth Milton jr.
sifers
winst $1,4 miljoen (2013)
wearde $8,9 miljoen (2013)
aktyf yn Jeropa
offisjele webside
www.private.com

Private, eins folút: de Private Media Group, is in fan oarsprong Sweedske pornografyske filmstudio dy't him ûntjûn hat ta in ynternasjonaal mediaconcern dat sawol pornografy produsearret as útsutelet, fia printe publikaasjes, dvd's, it ynternet, mobile tillefoans en in eigen beteltillefyzjestjoerder, Private Spice.

Private waard yn 1965 oprjochte yn 'e Sweedske haadstêd Stockholm troch Berth Milton sr., dy't doe úteinsette mei de publikaasje fan it earste pornoblêd yn kleur fan 'e hiele wrâld, Private Magazine. Begjin fan jierren njoggentich waard it bedriuw oernommen troch syn soan, Berth Milton jr., dy't it haadkertier letter ferhuze nei Sant Cugat del Vallès, dat ûnderdiel is fan 'e Spaanske metropoal Barcelona. Under Milton jr. wie der in grutte útwreiding. Private Magazine krige susterútjeften, lykas Pirate en Triple X Magazine, en de Private Media Group begûn ek films te produsearjen en sette in meartalige webside op.

Private hie rillegau in soad súkses mei syn films, benammen yn Jeropa, lykas mei de Tatiana-trilogy en de The Pyramid-trilogy. Guon fan 'e bekendste Jeropeeske pornoaktrises binne harren karriêre begûn by Private, lykas Katja Kean, Laura Lion, Nikki Anderson en Tania Russof. Private is ferneamd om syn ekstrafagante filmprojekten, lykas de twadielige film Millionaire, regissearre troch Alessandro del Mar, dy't, nei't der grute wurdt, in budget fan $1,9 miljoen hie, en de trilogy The Private Gladiator ûnder rezjy fan Antonio_Adamo, dy't in budget hie fan $1,5 miljoen. Trochstrings produsearret Private tsien oant tolve nije films per moanne. Yn 1998 waard fierders in eigen designerkleanmerk lansearre, dat yn 't earstoan Private Circle hiet, mar letter omneamd waard ta Private Clothing. Yn 1999 liet de Private Media Group him registrearje yn 'e Amerikaanske steat Nevada en fan 1999 oant 2011 wie it de earste pornoproduksjemaatskippij dy't ynskreaun stie by de Amerikaanske effektebeurs Nasdaq. Sûnt 2008 wurket Private benammen op 'e Frânske merk nau gear mei de Frânske studio Vidéo Marc Dorcel.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.