Springe nei ynhâld

Jan van der Zee

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 sep 2022 om 11.51 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (+ynfoboks)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Jan van der Zee
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan van der Zee
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 febrewaris 1898
berteplak Ljouwert
stoarn 15 desimber 1988
stjerplak Grins
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Grafikus,
Tekener

Jan van der Zee, (Ljouwert, 16 febrewaris 1898 - Grins, 15 desimber 1988), wie in tekener-grafikus út Grins.

Nei lessen fan Jan Mankes sette er yn 1913 út ein mei in oplieding oan de Minerva-Akademy yn Grins. Doe't er yn 1916 mobilisearre waard foar de Earste Wrâldoarloch, moete er Bart van der Leck, dy't letter yn grutte boarne fan ynspiraasje foar him wurde soe foar syn nei-oarlochske wurk. Doe't Jan van der Zee him yn 1923 oansluet by de Grinzer keunstrûnte De Ploeg, gie er wurkjen yn de konstruktivistyske styl en foarme er mei Wobbe Alkema en Hendrik Werkman de tsjinhinger fan it ekspresjonisme. Syn kompoysjes út dy tiid binne opboud út abstrakte, geometryske kleurflakken en ferbyldzje meast gebouwen en lânskippen. Van der Zee gie nei 1926 werom nei it figurative wurk.

Hy wurke yn Ljouwert, Grins, Amsterdam en yn it bûtenlân. Hy skildere lânskippen, portretten wandskilderingen, yntarsia's, glês yn beton; makke earst abstrakt wurk, letter neo-ympresjonistysk wurk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: