Motörhead
Motörhead | ||
band | ||
Logo fan Motörhead | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Hardrock Metal | |
bestean | 1975 - 2015 | |
label(s) | Sanctuary, SPV, Epic, GWR, Bronze | |
âld-leden | Larry Wallis (gitaar) (sang) (1975-1976) † Eddie Clarke (gitaar) (1976-1982) † Brian Robertson (gitaar) (1982-1983) Michael Burston (gitaar) (1984-1995) † Phil Taylor (drums) (1975-1984), (1987-1992) † Pete Gill (drums) (1984-1987) Tommy Aldridge (drums) (1992) | |
leden | ||
Bas & Sang | Lemmy Kilmister † | |
Gitaar | Phil Campbell | |
Drums | Mikkey Dee |
De Motörhead wie fan 1975 oant 2015 in heavymetalband út Londen. De band waard yn 1975 oprjochte troch Lemmy Kilmister (1945–2015), earder bassist fan Hawkwind en roadie fan Jimi Hendrix. De muzyk fan Motörhead hat de muzyk fan oare bands beynfloede, lykas dy fan Alice In Chains, Metallica, The Sisters of Mercy, Queens of the Stone Age en Killing Joke. Har' bekendste nûmers binne Ace of Spades en Orgasmatron. Ace of Spades is ûnder oare covere troch Peter Pan Speedrock en Blood For Blood. Orgasmatron is covere troch Sepultura.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Motörhead ûntsie neidat bassist Lemmy yn de maaitiid fan 1975 út de band Hawkwind set waard fanwegen tsjinoerstelde opfettingen oer drugsgebrûk, (Lemmy brûkte amfetamine, de oare bandleden lsd), en yn Ingelân foarme hy in nije band. Hja hiene it plan om de band "Bastard" te neamen, mar úteinlik waard it "Motörhead", nei it lêste nûmer dat Kilmister skreaun hie foar Hawkwind. Motörhead is slang foar in amfetaminebrûker. De umlaut op de twadde O hat gjin ynfloed op de útspraak. Lemmy hat ris sein dat de umlaut op de lêste "O" stiet om de namme der "Dútsk" (en dus gemiener) út sjen te litten.
De earste besetting fan Motörhead bestie út Lemmy, Larry Wallis, de eardere gitarist fan de Pink Fairies, en drummer Lucas Fox. In july 1975 hiene hja harren earste optreden, en letter dat jier namen se har earste album op. Wilens de opnames fan it album ferliet drummer Fox de band. Hy waard ferfongen troch Phil Taylor. Dit album waard lykwols net troch de platemaatskippij útbrocht, mar doe’t Motörhead in pear jier letter sukses krige, waard it album "On Parole" dochs noch útbrocht. frij fluch dêr nei waard der in nije gitarist oannaam, Eddie Clarke. Wêrnei Wallis út de band stapte. Dizze formaasje, besteande út Lemmy, Phil en Eddie Clarke, wurdt sjoen as de klassike Motörhead besetting.
Yn 1977 kaam it earste offisjele album út, "Motörhead". It album sloech oan, by sawol it metal- as it punkpublyk. De twa opfolgjende albums, "Overkill" en "Bomber" waarden ek in sukses.
Yn 1980 waardt it album "Ace of Spades" útbrocht. It album berikte de top-tsien fan de Britske hitlisten en de single mei deselde namme waard ien fan de grutste hits fan Motörhead. In jier letter brocht de band syn earste live-album "No Sleep 'Til Hammersmith" út.
Nei in rûzje mei Kimister yn 1982 stapte Clarke út de band. De reden fan de rûzje soe in gearwurking tusken Motörhead en Wendy O. Williams, de sjongeres fan the Plasmatics, wêze. Dizze gearwurking brocht in cover fan Tammy Wynette har "Stand by your man" foar. Clarke waard ferfongen troch Brian Robertson, earder gitarist fan Thin Lizzy. Robertson bleau ien album ("Another Perfect Day") lang en waard yn 1984 ferfongen troch twa gitaristen, Michael Burston en Phil Campbell earder gitarist fan Persian Risk. Drummer Taylor ferliet de band en waard ferfongen troch Pete Gill. yn 1987 kaam Taylor tydlik wer werom by de band, om yn 1992 te wurden ferfongen troch Mikkey Dee. Nei it fertrek fan gitarist Burston yn 1996 wie Motörhead wer in trijemans formaasje en hja brochten elke twa jier in nij studio-album út.
Yn 2015 ferstoar oprjochter fan de band Lemmy Kilmister yn de âlderdom fan 70 jier oan de gefolgen fan kanker; dy sykte wie twa dagen foar syn dea fêststeld, it betsjutte it ein fan Motörhead.
Besetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label | Single(s) |
---|---|---|---|
Motörhead | 21 augustus 1977 | Chiswick | Motorhead |
Overkill | 24 maart 1979 | Bronze | Overkill, No Class, Louie Louie |
Bomber | 27 oktober 1979 | Bomber | |
On Parole | 8 desimber1979 | United Artist | |
Ace of Spades | 8 novimber 1980 | Bronze | Ace of Spades |
Iron Fist | 17 april 1982 | Iron Fist, Go to Hell | |
Another Perfect Day | 4 juny 1983 | I Got Mine, Shine | |
Orgasmatron | 9 augustus 1986 | GWR | Deaf Forever |
Rock 'n' Roll | 5 septimber 1987 | Eat the Rich, Rock 'n' Roll | |
1916 | 21 jannewaris 1991 | Epic | The One to Sing the Blues |
March ör Die | 14 augustus 1992 | Hellraiser | |
Bastards | 29 novimber 1993 | ZYX | Don't Let Daddy Kiss Me, Born to Raise Hell |
Sacrifice | 11 july 1995 | Steamhammer | |
Overnight Sensation | 15 oktober 1996 | ||
Snake Bite Love | 10 maart 1998 | ||
We Are Motörhead | 16 maaie 2000 | God Save the Queen (Sex Pistols cover), We Are Motörhead | |
Hammered | 9 april 2002 | ||
Inferno | 22 juny 2004 | ||
Kiss of Death | 29 augustus 2006 | ||
Motörizer | 26 augustus 2008 | ||
The Wörld Is Yours | 14 desimber 2011 | UDR | Get Back in Line |
Aftershock | 21 oktober 2013 | Crying Shame | |
Bad Magic | 28 augustus 2015 |
Live-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
No Sleep 'til Hammersmith | 27 juny 1981 | Bronze |
What's Words Worth? | 5 maart 1983 | Big Beat |
Nö Sleep at All | 15 oktober 1988 | GWR |
Blitzkrieg on Birmingham '77 | 1989 | Receiver |
Lock Up Your Daughters 1978 | 1990 | |
Live at Brixton '87 | 12 april 1994 | Roadrunner |
Everything Louder than Everyone Else | 9 maart 1999 | Sanctuary |
25 & Alive: Live at Brixton Academy | 9 desimber 2003 | Steamhammer |
BBC Live & In-Session | 20 septimber 2005 | Sanctuary |
Better Motörhead than Dead: Live at Hammersmith | 16 july 2007 | Steamhammer |
The Wörld Is Ours - Vol. 1: Everywhere Further Than Everyplace Else | 22 novimber 2011 | UDR |
The Wörld Is Ours – Vol. 2: Anyplace Crazy as Anywhere Else | 2 oktober 2012 | |
Clean Your Clock | 10 juny 2016 | |
Louder Than Noise... Live in Berlin | 23 april 2021 | Silver Lining Music |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
No Remorse | 15 septimber 1984 |
Anthology | 1986 |
Welcome to the Bear Trap | 1990 |
Meltdown | 1991 |
All the Aces | 1993 |
The Best of Motörhead | 6 july 1993 |
Protect the Innocent | 25 augustus 1997 |
Deaf Forever: The Best of Motörhead | 8 augustus 2000 |
The Best Of | 26 augustus 2000 |
Over the Top: The Rarities | 26 septimber 2000 |
Tear Ya Down: The Rarities | 7 maaie 2002 |
Hellraiser: Best of the Epic Years | 17 maart 2003 |
The Essential Motörhead | 2007 |
You'll Get Yours: The Best of Motörhead | 4 oktober 2010 |
Under Cöver | 2017 |
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Titel | Utbrocht op | Skriuwer |
---|---|---|
Lemmy, White Line Fever | 2002 | Lemmy Kilmister Janiss Garza |
Lemmy, In His Own Words | 2002 | Harry Shaw |
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eat the Rich (1987)
- Lemmy (2011)
Grammy Awards
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2005 Best Metal Performance (Whiplash)