Springe nei ynhâld

Esens

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 aug 2022 om 08.03 troch Minorax (oerlis | bydragen) (fix lint)
Esens
Riedhuis, it eardere Paleis von Heespen
Riedhuis, it eardere Paleis von Heespen
Bestjoer
Lân Dútslân
Provinsje Nedersaksen
Landkreis Wittmund
Boargemaster Klaus Wilbers (SPD)
Sifers
Ynwennertal 7.310 (2020)
Oerflak 26,83 km²
Befolkingsticht. 337 km²
Hichte 3 m
Oar
Stifting neamd yn 800
Postkoade 26427
Offisjele webside
www.esens.de
Stedswapen

Esens is in gemeente en stêd yn East-Fryslân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, en is part fan de samtgemeinde mei deselde namme yn it landkreis Wittmund. Esens leit sa'n fjouwer km fan de Waadsee ôf.

Twadde Wrâldkriich

Nettsjinsteande it feit dat Esens militêr sjoen net wichtich wie, hie de stêd op 27 septimber 1943 swier te lijen fan in alliëard bombardemint dêr't 65 deaden by foelen. Letter die bliken dat de bommen foar Emden ornearre wienen.[1]

Oant yn 1940 hie Esens ek in joadske mienskip.[2] De eardere synagoge en de Joadske skoalle binne der noch; de synagoge is no in garaazje.

Bensersyl

Bensersyl leit oan de noardkust fan East-Fryslân, op 4 kilometer fan Esens, dêr't it ek ta heard. It kustplak is in kueroard (Seeheilbad) en hat in jacht- en fiskershaventsje. Mei in fearboat is it eilân Langereach út Bensersyl wei te berikken.[3]

Galery

Bekende ynwenners

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Dokumintaasje fan Gerd Rokahr: „Der Bombenangriff auf Esens am 27. September 1943“
  2. Herbert Obenaus (Hrsg.), Historisches Handbuch der Jüdischen Gemeinden in Niedersachsen und Bremen ISBN 3-89244-753-5
  3. http://www.bensersiel.de/