Ropta
Ropta is in buorskip ien kilometer benoarden Mitselwier yn Noardeast-Fryslân. Hy leit tusken Mitselwier, Easternijtsjerk en Ljussens. Dat is de reden wêrom't de mûne dêr bêst draaie koe: wyn út de earste hân, mar net fier fan de doarpen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Roptastate
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ropta is begûn mei Roptastate, slot fan de Ropta's, dat der al wie yn 1297. In Ropta dy't it namme makke hat, wie Worp fan Ropta († 1302). Ocko Scharlensis hat syn skeel mei Jucke fan Helbada wiidweidich beskreaun. Jucke Helbada hie de soan fan Worp om hals brocht. Doe't Worp letter Jucke foarby kaam by Hegebeintum hat hy him dêr delslein. Yn 1937 skreau A.M. Wijbenga 'It Soenhûs', dat dêr oer giet.
In oare bekende Ropta wie grytman Worp fan Ropta (1504-1551).
De Mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sa wie der yn 1836 romte en bou de Ropstermûne. De earste hat der mar fjouwer jier stien. Doe't dy mei in stoarm delfallen wie is der yn 1840 in gruttere, swierdere nôt- en pelmûne kaam. Dy hat fol yn bedriuw west oant en mei de Twadde Wrâldkriich. Nei de oarloch rûnen de saken tebek en yn 1963 hat de gemeente East-Dongeradiel de mûne kocht foar it symboalyske bedrach van ien gûne. De Ropstermûne wurdt no yn goede steat hâlden troch de Stifting Monumintebehâld Dongeradiel.
De Nijewierster dichter Anders Minnes Wijbenga hat in fers oan 'e mûne wijd.
Kweekbedriuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjintwurdich is op it plak fan Ropta State it kweekbedriuw fan de HZPC te finen. It kweekbedriuw fan de Friesche Maatschappij van Landbouw kaam yn 1965 út Ingelum wei nei Mitselwier en waard op 22 juny troch Prinsesse Margriet iepene.
Undersyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de tarieding fan 'e bou fan it kweekbedriuw yn 1962 binne de fûneminten fan 'e poarte fan Ropta State (ôfbrutsen yn 1769) bleat lein en ûndersocht.
Teffens is op it eastlik part fan it terrein, dêr't earder arbeiderswenten stiene, in hurdstiennen liuw, dy't it wapenskyld fan de Ropta's fêsthâld, fûn. In kopy dêrfan is by de yngong fan it kweekbedriuw set.
Begjin 2009 hat in archeologysk ûndersyksburo, troch proefboarrings, ynventarisearjend ûndersyk, op it eastlik diel fan it terrein útfierd, om't it bedriuw sloop en nijbou fan in kassekompleks fan doel wie. Op grûn fan de útkomsten fan it ûndersyk waard fierder ûndersyk op dat plak net nedich achte. [1]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oer de Ropta state
- www.molendatabase.nl Feiten oer de Ropstermûne
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ropta, Metslawier fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|