Volendam
Volendam | |
---|---|
Lokaasje Volendam yn Noard-Hollân | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Noard-Hollân |
Gemeente | Edam-Volendam |
Sifers | |
Ynwennertal | 22.715 (2021)[1] |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 52° 29' 58" NB, 5° 4' 4" EL |
Webside | Webside gemeente Edam-Volendam |
Volendam is in doarp yn de Nederlânske gemeente Edam-Volendam yn de provinsje Noard-Hollân.
Skiednis
Volendam hiet oarspronlik Folle(n)dam. Oarspronklik kaam hjir de IJe of E, dêr 't it plak Edam lei, út yn de Sudersee. Yn 1357 groeven de Edammers in koartere ferbining tusken de Purmermar en de Sudersee. Dêrnei waard foar de âlde haven fan Edam in daam oanlein en de âlde haven waard tichtmakke; fandêr Follendaam. Sa krige Edam in nije haven, it Oorgat. Al gau fêstigen har hjir boeren en fiskers. Ek bleaune guon grûnwurkers nei de beëiniging fan it graafwurk efter yn it nij ûntstiene doarp.
Yn 2018 is Volendam in plak mei sa'n 22.000 ynwenners. De toeristen komme nei it doarp foar de histoaryke dracht en fiskersboaten. Dêrneist fine se souvenirwinkeltsjes oan de haven en in boat dy't harren nei Marken bringt. Yn in befolking dy't him kwa gebrûken ûnderskiedet fan de rest fan Nederlân middels ûnder oaren in eigen dialekt, it Volendamsk. Boppedat hat Volendam histoarysk sjoen in roomsk-katolyk doarp west yn in fierder meast protestantske omjouwing. Foarhinne wie it doarp bekend omdat it it heechste tal Nederlânske sindelingen en preesterroppings de kante kilometer hie. Troch de sekularisaasje en ûnttsjerkliking rint ek yn Volendam it tsjerkebesyk werom.
Kafeebrân
Op âld-en-nij fan 2000 nei 2001 ûntstie troch it oanstekken fan in bosk stjerkes in koarte, mar tige fûle brân yn kafee De Hemel. De stjerkes stutsen de drûge krystfersiering oan it plafond yn brân, dat dêrtroch delkaam. 14 minsken ferlearen dêrby it libben en 200 rekken swierferwûne en waarden oerbrocht nei de brânwûnesintrums yn Beverwyk, Grins en Rotterdam en doe't dy fol rekken, waarden guon slels nei Brussel en Leuven brocht.
Toerisme
Volendam is in populêre toeriste-attraksje yn Nederlân, ferneamd om syn fiskersboaten en de tradisjonele dracht, dy't bytiden noch wol droegen wurdt troch guon fan de befolking. It fouljusdracht is it meast ferneamd fan de tradisjonele Nederlânske drachten en komt faak foar op printkaarten en posters. Der is in fearpont dy't regelmjittich nei it eilân Marken fart. Volendam hat ek in lytse museum dat de skiednis en dracht fan it doarp sjen lit en besikers kinne in foto fan harsels nimme litte yn de tradisjonele dracht.
Fuotbal
FC Volendam is in fuotbalklup dy't ôfwikseljend yn de Earedifyzje en de Earste Difyzje spilet.
Muzyk
Volendam is ferneamd om syn eigen muzyk, dat Palingsound (letterlik lûd fan ielen) neamd wurdt. Dat ferwiisd nei de status fan Volendam as fiskersdoarp. Yn de sechtiger jierren fan de tweintichste iuw wie de pleatslike sjonggroep The Cats in tige ferneamde en populêre groep yn Nederlân en derbûten.
In oare groep fan Volendam wie BZN, dy't tige polpulêr yn 'e ein fan de sechtiger en begjin fan de santiger jierren waard. Yn 1995 trede BZNmei de doe tsienjierrige Jan Smit op, dy't letter sels ek in polpulêre artyst waard.
De populêre groepen 3JS en Nick & Simon komme ek út Volendam.
Berne yn Volendam
- Gerrie Mühren (2 febrewaris 1946), fuotballer
- Jan Keizer (3 april 1949), sjonger
- Arnold Mühren (2 juny 1951), fuotballer
- Pier Tol (12 july 1958), fuotballer
- Carla Braan (23 july 1961), gymnast[2]
- Carola Smit (1 septimber 1963), sjonger
- Wim Jonk (12 oktober 1966), fuotballer
- Nick Schilder (6 novimber 1983), sjonger
- Simon Keizer (16 maaie 1984), sjonger
- Jan Smit (31 desimber 1985), sjonger
- Cees Keizer (8 jannewaris 1986), fuotballer
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|