Springe nei ynhâld

Salm (kleur)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 27 mai 2022 om 21.44 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
salm
kleurkoördinaten
heksadesimaal #FA8072
RGBª (rgb) (250, 128, 114)
CMYKº (cmyk) (0, 49, 54, 2)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Salm is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan rôze of fan read. It kin omskreaun wurde as in wat nei oranje útskaaiende fleiskleur.

De kleur salm is ferneamd nei it fleis fan 'e salm, in fiskesoarte dy't yn see libbet, mar him fuortplantet yn 'e bopperin fan rivieren. De eigentlike kleur fan salmfleis fariëarret fan brutsen wyt oant ljochtoranje, ôfhinklik fan it nivo fan 'e karotenoïde astaksantine. Dat is in stof dy't de salm binnen kriget troch in dieet fan krill en garnalen. Yn fiskkwekerijen wurde salmen fuorre mei oare soarten iten, wat har fleis deselde witige kleur jaan soe as by oare fisken. Om't dat net geunstich is foar de ferkeap, wurdt der in keunstmjittige kleurstof troch it iten mongen, sadat har fleis salmkleurich wurdt.

Salm wurdt tamakke.

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is salm in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan alle trije primêre kleuren (read, blau en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols in bytsje swart tafoege yn it stee fan syaan, om't dat bettere resultaten jout.

De wichtichste tinten salm binne:

salm #FA8072                         
ljochtsalm #FFA07A       
donkersalm #E9967A       
salmrôze #FF91A4       
terrakotta #E2725B       

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.