Ljochtoranje
ljochtoranje | ||
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #FFA500 | |
RGBª (r, g, b) | (255, 165, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (0, 35, 100, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Ljochtoranje, ek weboranje of ynternetoranje neamd, is in kleur dy't beskôge wurde kin as in ljochte tint fan oranje of, wat ek mooglik is, as in dûnkere tint fan giel. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is ljochtoranje in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan read mei grien ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, produsearre troch de ferminging fan giele mei magintakleurige ferve of inket.
Ljochtoranje en oranje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it X11-systeem fan webkleuren wurdt ljochtoranje feitliks 'oranje' neamd. Ornaris wurdt mei oranje lykwols in dûnkerder tint fan deselde kleur bedoeld, dy't it oranje fertsjintwurdiget sa't dat yn 'e kleuresirkel foarkomt: . Ljochtoranje hâldt de midden tusken oranje en amber, dat in nei oranje niigjende tint giel is.
Tinten ljochtoranje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]ljochtoranje | #FFA500 | |
amber | #FFBF00 | |
guttegom | #E49B0F | |
mandaryn | #F28500 | |
Princeton-oranje1 | #FF8F00 | |
sinesapelskyl | #FF9F00 | |
UT-oranje2 | #FF8200 | |
woarteloranje | #ED9121 |
1) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Princeton
2) in offisjele kleur fan 'e Universiteit fan Tennessee (UT)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |