Springe nei ynhâld

F-35 Lightning II

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 mai 2022 om 17.34 troch Drewes (oerlis | bydragen) (tal akke +)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
F-35 Lightning II

F-35 Lightning II

Fabrikant Lockheed Martin
Northrop Grumman
BAE Systems
Earste flecht 15 desimber 2006
Tal makke 790+ (oant april 2022)

De Lockheed Martin F-35 Lightning II is in fjochtfleanmasine dy't fuortkaam út it Joint Strike Fighter-program (JSF). It is de trochûntwikkele ferzje fan de X-35, dy't yn de JSF-kompetysje har konkurrint, de X-32 fan Boeing, fersloech. De Feriene Steaten fan Amearika hat yn de jierren '90 mei it JSF-projekt útein set. It projekt wurdt sûnt 2001 yn 'e mande mei oare lannen útfierd.

It is ûntwikkele en boud troch in loftfeart yndustry team mei as grutste fabrikant Lockheed Martin en mei har grutte partners BAE Systems en Northrop Grumman. In demonstraasjemasine fleach yn 2000, en in produksjemodel hat syn earste flecht op 15 desimber 2006 makke.

Yn de lannen dy't meidienen oan it JSF-projekt waarden wedstriden holden om in namme foar it fleantúch te betinken. It waard úteinlik F-35 Lightning II, in ferneaming nei sawol de Lockheed P-38 Lightning út de Twadde Wrâldoarloch as de English Electric Lightning, in Britske ûnderskeppingsjager út de tiid fan de Kâlde Oarloch.

Der wurde trije farianten fan de F-35 produsearre:

  • In standertútfiering (F-35A)
  • In fariant dy't fertikaal lânje kin (F-35B)
  • In fariant dy't brûkt wurdt op grutte Amearikaanske fleandekskippen (F-35C).
Model fan de folslein digitale cockpit

De F-35 sil in grut ferskaat oan wapens brûke kinne. It fleantúch hat in ynterne wapenopslach dêr't de wapens út wei lansearre wurde, sadat de stealth-technyk net bot hindere wurde kin troch tefolle objekten dy't oan 'e bûtenkant fan it fleantúch fêstmakke binne. Yntern hat it fleantúch fjouwer ophingpunten. De binnenste twa binne allinne gaadlik foar loft-loftraketten om't dy fan de ophingpunten ôf net hielendal fertikaal nei ûnder falle. De romte by de ophingpunten is makke foar de AIM-120 AMRAAM, mar kin wierskynlik ek de MBDA Meteor drage. De oare twa ynterne ophingpunten binne gaadlik foar loft-loftraketten en bommen.

Oan 'e bûtenkant hat de F-35 sân ophingpunten. De middelste, midden ûnder de romp is allinne gaadlik foar in boardkanon dy't by de B- en C-ferzje ûntbrekt. De bûtenste twa ophingpunten ûnder de wjukken binne allinne gaadlik foar loft-loftraketten en hawwe in limyt fan 135 kg. Dêrtroch binne op dy punten allinne lichtere raketten foar de koarte ôfstân mooglik. De oare fjouwer ophingpunten binne ek gaadlik foar bommen en loft-grûnraketten. De binnenste twa ophingpunten hawwe brânstofliedingen sadat der pylontanks oan fêstmakke wurde kinne.

Om de wapens te stjoeren hat de F-35 ferskillende sensors. Yn 't foarste plak hat it tastel in AN/APG-81-radar ta syn foldwaan, in AESA-radar dy't in fierdere ûntwikkeling is fan de AN/APG-77 sa't dy yn de F-22 Raptor brûkt wurdt. Beide radars wurde makke troch Northrop Grumman. Fierder hat it tastel in elektro-optyske (ynfraread) doelsiker ûnder de noas om doelen op de grûn te finen. Troch sawat it hiele tastel hinne binne sensors foar it AN/AAS-37 warskôgingssysteem ynboud. Dy elektro-optyske sensors reagearje op ynkommende raketten.

Nederlân en de F-35

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al yn 2001 keas de Nederlandse staat de F-35 CTOL-ferzje yn prinsipe as ferfanger fan de F-16's; dat barde nei jierren fan diskusje oer it al as net meidwaan yn de ûntjouwingskosten. Lang om let besluet it kabinet Rutte I oer de definitive keap fan foarearst 37 tastellen. Dy wurde per 2019 yn fazen ynfierd. Op 31 oktober 2019 lâne de earste Nederlânske F-35 foar operasjoneel gebrûk op Fleanbasis Ljouwert. Krapoan in moanne letter, op 27 novimber, makke dy strieljager syn earste operasjonele flecht.[1]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tweet fan Feanbasis Ljouwert, 27 novimber 2019