English Electric Lightning
English Electric Lightning | |
---|---|
Rol | Underskeppingsjager |
Makker | English Electric |
Earste flecht | 4 augustus 1954 |
Yn tsjinst | Desimber 1959 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | 337 (protypes meirekkene) |
Brûkers | Royal Air Force, Kuwait Air Force, Royal Saudi Air Force |
Bewapening (ôfhinklik fan de ferzje) | 2x loft-loftraketten en 2x 30mm-Adenkanon |
De English Electric Lightning, letter BAC Lightning neamd, wie in twamotorige supersoanyske ûnderskeppingsjager fan de britske fabrikant English Electric. De masine tsjinne fan 1959 oant 1988 by de Royal Air Force, de loftmacht fan Saûdy-Araabje en dy fan Kûweit. It wie de iennige Britske jager dy't flugger as mach 2 fleane koe en wie de Britske tsjinhinger fan de Lockheed F-104 Starfighter yn de Kâlde Kriich.
Yn dy perioade waard de Lightning wit hoe folle kearen ynset by ûnderskeppingsaksjes tsjin heech ynfleanende Russyske fleantugen dy't de NAFO loftferdigening teste woene. It tastel hat lykwols nea oan gefjochtsaksjes meidien.
Der waarden totaal 339 fan boud; dêrfan binne sa'n tsien bewarre bleaun. Dy steane yn museums of by de yngong fan in fleanbasis.
Technyske gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lightning F.Mk.3 | |
---|---|
Langte | 16,84 m |
Spanwiidte | 10,62 m |
Hichte | 6,40 m |
Fleugeldraachflak | 35,31 m² |
Hoeke fan de fleugels | 60° |
Maks. startgewicht | 19.000 kg |
Motors | 2 × TL Rolls-Royce Avon; 5.990 kp, 7.530 kp mei neiferbaarnder |
Maks. faasje | 2450 km/o op 12.000 m |
Krúsfaasje | 950 km/o |
Stiichfaasje | 254 m/s |
Tsjinstplafond | 18.300 m |
Fleanberik | 2000 km |
Start-/lâningsbaan nedich | 960 m |
Bemanning | 1 piloat |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory English Electric Lightning fan Wikimedia Commons. |