Lockheed F-104 Starfighter

Ut Wikipedy
F-104 Starfighter


Makker Lockheed Martin
Earste flecht 4 maart 1954
Yn tsjinst 20 febrewaris 1958
Ut tsjinst 2004 (Itaalje)
Oare fariant Canadair CF-104, Lockheed NF-104A, Aeritalia F-104S, CL-1200 Lancer en X-27
Tal makke 2580 FSA en oeral yn de wrâld yn lisinsje
Brûkers USAF 1958-1967, ANG 1967-1975, NASA 1975-1994

De Lockheed F-104 Starfighter wie in supersoanyske fjochtfleanmasine, ferneamd fan syn hege faasje. De Starfighter waard 1958 operasjoneel yn de Amerikaanske loftmacht en tsjinne dêr oant 1967. Doe wie it tiid foar in nij type fjochtfleanmasine. In fernijde Starfighter koene hja goed ferkeapje yn it bûtenlân, benammen oan de oare NAFO lidsteaten, bygelyks Dútslân, Kanada en Itaalje, dêr't it type operasjoneel bleau oant mids tachtiger jierren (yn de Italjaanske loftmacht oant 2004).

De letter produsearre Starfighter krige de namme dreech om mei te fleanen. De Dútske ferzje ferûngemakken in protte fan, dat dy krigen nammen lykas "Widowmaker" en "Earth Nail". In protte loftmachten hawwe dêrnei keazen foar de F-16 Fighting Falcon

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nederlânske Lockheed F-104G Starfighter 'D-8114'

"Kelly" Johnson, sjef-yngenieur by Lockheed's Skunk Works, besocht Korea yn desimber 1951 en hie in petear mei fjochtfleanmasine-piloaten oer hokker masine hja nedich hienen. Doetiids hiene de Amerikaanske piloaten mei harren F-86 Sabres in probleem mei de Sowjetfjochtfleanmasine MiG-15; in protte Amerikaanske piloaten hiene minne ûnderfinings mei de superieure MiG tsjinoer it gruttere en mear komplekse Amerikaanske ûntwerp. De Amerikaanske piloaten fregen om in lytser en ienfâldiger fleantúch, mei grutte prestaasjes.

Doe't Johnsen wer weromgong nei Amearika sette hy útein mei it ûntwerp foar de nije fjochtfleanmasine. Yn 1952 waard it ûntwerp presintearre by de Amerikaanske loftmacht. Dy nûgen ferskate bedriuwen út om mei te dwaan. Trije addisjonele ûntwerpen binne ûntfongen, dy't alle trije nijsgjirrich genôch wiene. Lockheed hie it bêste ûntwerp en hie it kontrakt mei it regear yn maart 1953 tekene.
Ier 1954 wie it earste prototype klear en koe it ien jier nei it kontrakt fleane. Fan it útein setten oant de produksje duorre likernôch twa jier, in koarte tiid, bynammen om't in protte projekten hjoed de dei langer duorje.

Spesifikaasje (F-104G)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Algemiene eigenskippen

  • Bemanning: 1
  • Lingte: 16.66 m
  • Spanwiidte: 6.36 m
  • Hichte: 4.09 m
  • Fleugeloerflak: 18.22 m²
  • Leechgewicht: 6.350 kg
  • Folgewicht: 9.365 kg
  • Maksimum gewicht om fan 'e grûn te kommen: 13,170 kg
  • Motor: 1× General Electric J79-GE-11A neiferbrâner turbojet

Prestaasje

  • Heechste faasje: 2.125 km/o

Bewapening

  • Kanonnen: 1x 20 mm M61 Vulcan, gatling-fluchfjoerkanon, mei 725 patroanen
  • Raketten: 4x AIM-9 Sidewinder
  • Oant 1,815 kg bommen of raketten